Sacharja 7
It probleem fan it festjen. De fraach
1Yn it fjirde jier fan kening Darius, de fjirde dei fan Kislew, dat is de njoggende moanne, krige Sacharja in wurd fan de Heare. 2Bet-El Sarêser hie Rêgem-Mêlek en syn mannen stjoerd om de geunst fan de Heare te winnen 3en om de prysters fan it hûs fan de Heare Almachtich en de profeten te freegjen: Moat ik trochgean mei yn ’e fyfte moanne te roujen en mysels ûnthâlding op te lizzen, sa’t ik no al jierren lang dien haw?
Wat betsjutte jim festjen?
4Doe liet de Heare Almachtich my dit wurd takomme: 5Sis tsjin al it folk fan it lân en tsjin alle prysters: As jim no al santich jier feste en rouklage hawwe yn ’e fyfte en sânde moanne, wie dat dan wier om My? 6En as jim ite en drinke, giet it dan net om eigen profyt?
De sûnde fan it folk
7Binne dit net de wurden dy’t de Heare jimme troch de eardere profeten ferkundigje litten hat, doe’t jim folk noch feilich en wol yn Jeruzalem wenne en yn ’e stêden derby om en yn it Suderlân en it Leechlân, [ 8] 9doe’t de Heare Almachtich sei:
Sprek nei wierheid rjocht,
bewiis inoar trou en barmhertichheid,
10bekrink de widdo en de wees net,
de frjemdling noch de lytse man,
en haw gjin kwea tsjininoar yn ’t sin.
11Mar hja woenen net om sizzen jaan, se setten it yn ’e kant en stoppen de earen ticht om mar net te hearren. 12Se makken har hert spikerhurd, om mar net te harkjen nei it ûnderrjocht en de warskôgings dy’t de Geast fan de Heare Almachtich harren jûn hie troch de eardere profeten. Dêrom waard de Heare Almachtich tige grammoedich. 13En it is sa kommen: Sa’t sij net harken doe’t Ik rôp, sil Ik net harkje as sij roppe – seit de Heare Almachtich – 14en Ik sil harren fuortstowe litte ûnder alle heidenfolken dy’t se net kenne. Achter harren sil it lân der foar wyld hinne lizze, dat der gjin mins mear hinnegiet of weikomt. Sa hawwe se fan in hearlik lân in grutte wyldernis makke.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap