God nimt it wer op foar syn folk
1Dochs joech de Heare Almachtich syn wurd: 2Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Ik fiel foar Sion in brânende leafde
en kom mei fûle grime foar har op.
3Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Ik kom werom op ’e Sion
en set My wer nei wenjen yn Jeruzalem.
Se sille Jeruzalem neame: stêd fan ’e trou
en berch fan de Heare Almachtich,
de hillige berch.
4Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Der sille wer âlde mantsjes en wyfkes op ’e pleinen fan Jeruzalem sitte,
allegear mei in stôk yn ’e hân fanwegen har âlderdom;
5en de pleinen fan ’e stêd sille fol wêze mei boartsjende jonges en famkes.
6Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Mei soks it folk dat der yn dy dagen noch oer is, wûnderbaarlik talykje,
soe it dêrom ek wûnderbaarlik wêze foar My?
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich.
7Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Sjoch, Ik ferlos myn folk út it lân fan sinne’ opgong
en fan sinne’ ûndergong
8en Ik bring harren werom yn Jeruzalem
om dêr te wenjen.
Se sille myn folk wêze
en Ik har God
yn gerjochtichheid en trou.
Bemoediging
9Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Pak moedich oan, jimme dy’t dizze dagen, no’t de fûneminten foar it hûs fan de Heare Almachtich lein wurde, de wurden fan ’e profeten te hearren krije, dat de timpel wer opboud wurde sil. 10Want foar dy tiid wie der foar man noch bist in deihier te meitsjen, der wie gjin feiligens foar de geande en de kommende man fanwegen de fijân; Ik hie de minsken allegear tsjininoar opset. 11Mar no doch Ik mei wat der fan dit folk oer is, oars as yn earder dagen – is de godsspraak fan de Heare Almachtich. 12Want it sied kin yn frede waakse, de druvebeam jout syn fruchten en it lân syn gewaaks, de himel syn dauwe; ja, dy’t der fan myn folk noch oer binne, dy skik Ik dat allegear ta. 13En sa’t jimme [,folk fan Juda en folk fan Israel,] in flok ûnder de heidenfolken west hawwe, sa sil Ik jimme no helpe om in segen te wurden. Dat wês net bang en pak moedich oan!
De opdracht
14Want dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Krekt sa goed as Ik fan doel west haw jimme kwea te dwaan, doe’t jimme foarâlden My tergen – seit de Heare Almachtich – en it hat My net beroud, 15sa bin Ik no fan doel Jeruzalem en it folk fan Juda wer goed te dwaan. Dat wês net bang. 16Dit binne de dingen dy’t jim dwaan moatte: Sis inoar de wierheid oer en wer, bring troch earlike rjochtspraak frede yn jimme stêden; 17haw gjin kwea tsjininoar yn ’t sin, haw gjin nocht oan falske eden, want al sokke dingen binne My in ôfgriis – is de godsspraak fan de Heare.
It antwurd op ’e fraach oer it festjen
18De Heare Almachtich hat my dit wurd takomme litten: 19Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: De festeldagen fan ’e fjirde, fyfte, sânde en tsiende moanne sille foar it folk fan Juda feroarje yn dagen fan freugde, blydskip en fleurige feesten; mar hâld wierheid en frede heech.
De folken sille Israels God sykje
20Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: It sil nochris sa wurde, dat folken en lju út wit-hoefolle stêden hjirhinne komme; 21en it folk fan ’e iene stêd sil nei dat fan ’e oare tagean en sizze: Kom mei, lit ús derop útgean om de geunst fan de Heare te winnen en om hâld by de Heare Almachtich yn syn timpel te sykjen; ik gean ek. 22Wit-hoefolle folken en machtige naasjes sille komme om de Heare Almachtich yn syn timpel te Jeruzalem te sykjen en de geunst fan de Heare te winnen.
23Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Yn dy dagen sille tsien man út heidenfolken fan alle talen de moed krije en gryp in joadsk man by de tippe fan syn mantel mei de wurden: Wy wolle mei jim, want wy hawwe heard: God is mei jim.