Sacharja 6
It achtste fizioen: de fjouwer himelweinen
1Doe’t ik de eagen wer opsloech, seach ik fjouwer weinen tusken de bergen weikommen; dy bergen wienen fan brûns. 2De earste wein rûnen reade hynders foar, de twadde swarte, 3foar de tredde wite en foar de fjirde bûnte, sa bûnt as protters. 4Doe frege ik de ingel dy’t my útlis die: Wat moatte dy, mynhear? 5De ingel antwurde: Dy hawwe by de Hear fan ’e hiele ierde west om har wurk te freegjen en geane no de fjouwer wynstreken út. 6De wein mei de swarte hynders giet nei it Noarderlân, de wein mei de wite nei it fiere westen, dy mei de bûnte hynders nei it Suderlân (en dy mei de reade nei it easten.) 7Om’t se gleon wienen om fuort te gean en de ierde oer te krusen, sei er: Fuort, en krús de ierde oer! Dat dienen se. 8Doe rôp er my en sei: Sjoch, dy’t útgeane nei it Noarderlân, bringe dêr myn Geast.
De diadeem fan Josjûa
9Doe liet de Heare my dit wurd takomme: 10Helje sulver en goud fan ’e ballingen, fan Cheldai, Tobía en Jedaja. Gean hjoed sels noch nei it hûs fan Josjía, de soan fan Sefanja, dêr’t dy út Babel hinnegien binne. 11Helje dat, lit der in diadeem fan meitsje, set dy hegepryster Josjûa, de soan fan Josadak, op ’e holle 12en sis tsjin him: 14Dy diadeem sil ta eare fan Cheldai, Tobía, Jedaja en de soan fan Sefanja as wijjefte en as oantinken yn ’e timpel fan de Heare bliuwe. 12b Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Der is in man dy’t Sprút hjit, en dy sil útsprute op syn eigen stee en de timpel fan de Heare bouwe. 13Ja, hy sil de timpel fan de Heare bouwe en keninklike gloarje drage. Hy sil as regearder op syn troan sitte mei in pryster njonken him en hja sille folslein ienriedich wêze. 15Fan fierôf sille de minsken komme en oan de timpel fan de Heare bouwe. Dan sille jimme witte, dat de Heare Almachtich my stjoerd hat. Sa komt it, as jimme trou harkje nei de stim fan de Heare, jimme God.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap