Sacharja 5
It sechste fizioen: de fleanende boekrôle
1Doe’t ik de eagen wer opsloech, seach ik in boekrôle troch de loft fleanen. 2Hy frege my: Wat sjochsto? Ik sei: Ik sjoch in boekrôle troch de loft fleanen, tweintich jellen lang en tsien jellen breed. 3Dat is de flok, sei er, dy’t oer it hiele lân giet. Want dêrneffens sil al wat dief is, en dêrneffens sil elk dy’t by myn namme in falske eed docht, fuortjage wurde. 4Ik haw dit stik útgean litten – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – en it sil by de dief yn ’e hûs komme en by de man dy’t by myn namme in falske eed dien hat; dan bliuwt it deryn en it sil it hûs fertarre, de stien likegoed as it houtwurk.
It sânde fizioen: de frou yn ’e nôtmjitte
5Doe kaam de ingel dy’t my útlis die, wer nei foaren en sei tsjin my: Slach de eagen op en sjochris wat dêr oankomt! 6Ik frege him: Wat is dat? Hy sei: Dat is in nôtmjitte, dy’t der oankomt. En hy sei derby: Dat is de ûngerjochtichheid dy’t se dogge, it hiele lân oer. 7En sjochdêr, it leaden lid waard optild en der siet in frommes yn. 8Hy sei: Dat is it kwea, en hy treau har werom yn ’e nôtmjitte en die it leaden lid der wer op. 9Doe’t ik de eagen wer opsloech, seach ik twa froulju oankommen mei de wyn yn ’e wjukken: want se hienen wjukken as dy fan in earrebarre. Se tilden de nôtmjitte op en namen him mei tusken himel en ierde. 10Ik frege de ingel dy’t my útlis die: Wêr bringe dy de nôtmjitte hinne? 11Hy sei tsjin my: Se wolle der in hûs fan bouwe yn it lân Sjineär; en as se der in fuotstik foar opsteld hawwe, sette se him dêrop del.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap