1As hja de Heare om reinwetter freegje yn ’e tiid fan ’e lette rein,
sil de Heare ûnwaarswolken meitsje
en harren in stjalpige rein jaan,
dy’t it gewaaks op elk syn lân groeie lit.
2Want wat de hûsgoaden sein hawwe,
wie praat-fan-neat,
de wiersizzers mei har fizioenen koe men net op oan;
de dreamen dêr’t se it oer hân hawwe, wienen bedroch
en de treast dêr’t se mei oankamen,
hie gjin grûn.
Dêrom moasten de lju wol as skiep omdoarmje
en earmoed lije, want in hoeder hienen se net.
Twadde liet fan ’e befrijing
3Tsjin ’e hoeders is myn grime oplôge
en de belhammels sil Ik neisjen!
Want de Heare Almachtich sil nei syn keppel – it folk fan Juda – omsjen
en dêr syn foarstlike striidhynst fan meitsje.
4Fan Him komt wer in hoekstien, in tintpeal,
in striidbôge: de nedige oanfierders.
Mei-inoar 5wurde se as helden
dy’t yn ’e striid troch de modder fan ’e strjitten wâdzje.
Om’t de Heare harren bystiet, sille se fjochtsje
en de hynsteriders te skande meitsje.
6Ik sil it folk fan Juda sterk meitsje
en it folk fan Joazef de oerwinning jaan.
Ik sil harren weromkomme litte,
want Ik haw begrutsjen mei harren:
It sil har wêze, as hie Ik har noait fersmiten,
want Ik bin har God, de Heare,
en Ik sil har bea ferhearre.
7De Efraïmiten sille wêze as helden,
bliid as mannen dy’t fleurich binne fan ’e wyn;
har soannen sille der mei blydskip nei sjen,
har hert sil jubelje om de Heare.
8Ik sil harren fluitsje om har wer byinoar te bringen,
want Ik haw harren frijkocht;
se sille krekt sa manmachtich wurde as se ienkear wienen.
9Al haw Ik harren útsiedde ûnder de folken,
ek om fierrens sille se oan My tinke;
se sille har bern grutbringe en weromkomme.
10Ik lit harren weromkomme út Egypte,
Ik helje har wer byinoar út Assyrië
en bring harren nei it lân Gileäd
[en Libanon,]
mar dat sil har te lyts wêze.
11Skrik sil oer de Eufraat falle en Hy sil de weagen fan ’e grutte stream delslaan;
ek de djipste plakken fan ’e Nyl komme droech te lizzen.
It grutske Assyrië wurdt platslein
en de hearskersstêf fan Egypte moat belies jaan.
12Mar Israel sil sterk wêze troch de Heare
en troch syn krêft sille se har wei gean – is de godsspraak fan de Heare.