Spotliet op Israels fijannen
1Libanon, set dyn poarten iepen,
dat it fjoer dyn seders fertarre mei.
2Jammerje it út, sipres, om ’t de seders fallen binne,
om’t har machtige stammen útroege binne.
Jammerje it út, ikebeammen fan Bazan,
om’t it ûntagonklike wâld delhelle is.
3Hark, de hoeders jammerje it út,
om’t har skoander lân ferrinnewearre is.
Hark, de jonge liuwen brinzgje,
om’t de pronk fan ’e Jordaan ferrinnewearre is.
De twa hoeders
4De Heare, myn God, sei: Weidzje de slachtskiep: 5de opkeapers sjogge der gjin bien yn om se dea te meitsjen; de ferkeapers sizze: Heech te priizjen is de Heare, wat bin ik der ryk mei wurden! En de hoeders hawwe der gjin begrutsjen mei. [6Want it sil My net langer begrutsje om de bewenners fan ’e ierde – is de godsspraak fan de Heare. Ik sil de minsken oerleverje, man foar man, oan syn neistlizzer en oan syn kening, en dy sille it lân yn it ûngelok stoarte en Ik sil harren der net oan ûntkomme litte.]
7Doe weide ik de slachtskiep, dy earme skiepkes! Ik naam twa stokken mei. ‘Leaflikens’ neamde ik de iene en de oare ‘Ienriedigens’. Sa weide ik de keppel. 8[Yn ien moanne tijd reage ik trije hoeders derút.] Mar ik krige myn nocht fan ’e skiep en sij moasten neat fan my hawwe. 9Doe sei ik: Ik weidzje jim net langer, lit stjerre wat stjerre wol en fuortreitsje wat fuort wol, en lit de oaren inoar mar opfrette. 10Doe naam ik myn stôk ‘Leaflikens’ en bruts him stikken om sadwaande it ferbûn dat ik mei alle folken sletten hie, te ferbrekken. 11Dy eigenste deis waard dat ferbrutsen; doe krigen de lju dy’t har oan my hâlden, de earme skiep, foar it ferstân, dat dit in boadskip fan de Heare wie. 12Ik sei tsjin harren: As it jim nei ’t sin is, jou my myn lean; en sa net, lit it. Doe woegen se my myn lean út: tritich sulverstikken. 13Mar de Heare sei tsjin my: Smyt se de smelter mar ta, dy skoandere priis dêr’t se My op set hawwe. En ik naam de tritich sulverstikken en smiet se de smelter ta yn it hûs fan de Heare. 14Doe bruts ik myn twadde stâk ‘Ienriedigens’, om sa de bruorrebân tusken Juda en Israel te ferbrekken.
15Doe sei de Heare tsjin my: Ris dy nochris út as hoeder, mar no as ien dy’t syn ferstân net hat. 16Want Ik gean no hinne en lit yn dit lân in hoeder ferskine, dy’t him der net om bekroadet as der wat fuortrekket, dy’t net op syk giet om wat ferdwaald is, dy’t net set wat stikken is, en wat it noch op fuotten hâldt, syn gerak net jout; mar it fleis fan ’e fette skiep yt er op en hy skuort se de kleien ôf.
17Wee dy minne hoeder,
dy’t de keppel mar rinne lit.
Lit it swurd syn earm
en syn rjochtereach reitsje;
syn earm sil alhiel ferskronfelje,
syn rjochtereach alle ljocht ferlieze.