De grinzen fan it nije ryk
In útspraak, in wurd fan de Heare.
Yn it lân Chadrak en Damaskus sil syn troansit wêze,
want it bewenne diel fan Aram is de Heare sines,
[likegoed as alle stammen fan Israel;]
ek Hamat, dat der tsjinoan leit,
en Tyrus en Sidon, hoe snoad se ek binne.
Al hat Tyrus himsels in bolwurk boud,
sulver oploege as wie ’t túch,
goud as wie ’t modder fan ’e strjitte –
de Hear sil it har ôfhelje
en it bolwurk fan Tyrus de see yn slaan.
De stêd sels sil yn flammen opgean.
As Asjkelon dat sjocht, wurdt it kjel
en Gaza trillet deroer;
Ekron likegoed, om’t al syn hope ferflein is.
Gaza komt sûnder kening te sitten,
Asjkelon hâldt gjin folk mear oer
en yn Asjdod wennet in griemmank fan folken.
Sa meitsje Ik in ein oan ’e grutskens fan ’e Filistinen.
Ik helje him it bluodrige fleis út ’e mûle
en syn ûnhuerichheid tusken de tosken wei.
Dan bliuwt hy ek oer foar ús God,
Hy wurdt as in stamhûs yn Juda
en Ekron wurdt as in Jebûsyt.
Ik gean as in wacht foar myn lân stean,
dat der gjin macht yn of út kin;
gjin geweldner sil harren langer tenei komme,
want Ik hâld mei eigen eagen tafersjoch.
De Fredefoarst komt
Jubelje bliid, dochter Sion!
Rop it út, dochter Jeruzalem!
Sjoch, dyn kening komt nei dy ta,
rjochtfeardich en oerwinnend.
Hy is needrich en rydt op in ezel,
op in fôle, it jong fan in ezelinne.
Ik sil de striidweinen út Efraïm weidwaan,
de hynders út Jeruzalem,
en de striidbôge wurdt brutsen.
Hy sil de folken frede oansizze,
syn sizzenskip sil gean fan see ta see,
fan de Rivier oant de úteinen fan ’e ierde.
De befrijing komt
Wat dij oangiet – fanwegen it ferbûn mei dij, mei bloed besegele,
sil Ik dyn gefangenen frijlitte út ’e droege kûle.
Gean wer nei de stins, gefangenen,
jimme dy’t fol hope útsjogge;
hjoed-de-dei sis Ik jimme oan:
Ik sil it jim dûbeld en dwers fergoedzje.
Want Ik span myn bôge – dat is Juda –
de pylk Efraïm set Ik dêr op,
dyn soannen, Sion, fiterje Ik oan
[tsjin dyn soannen, Grikelân,]
en Ik meitsje fan dij it slachswurd fan in held.
Dan sil de Heare boppe har ferskine
en syn pylken fleane út as de wjerljocht.
God de Heare blaast de hoarn
en mei de suderstoarmen stoot Er foarút.
De Heare Almachtich sil in skyld oer harren wêze;
syn slingerstiennen sille fleis ferfrette en fynslaan
en har oan slyk gelyk meitsje;
se sille fol bloed sitte as in offerskaal,
lykas de hoeken fan it alter,
dêr’t it bloed op spat.
En har God, de Heare, sil harren dy deis helpe
en syn folk sil op syn lân wêze as in keppel skiep,
as skitterjende kroanjuwielen.
Hoe lokkich en ryk sille se wêze;
nôt en druvesop sille de jonges en famkes dije litte.