Better is it gjin bern te hawwen en deugdsum te wêzen,
want deugd bliuwt ivich yn ’t ûnthâld,
God en minske beide hawwe dy heech.
Dêr’t deugd is, besiket men dêrneffens te dwaan,
dêr’t dy net is, giet de langst der dochs nei út.
Foar altyd rint hja foarop mei de oerwinningskrâns,
om’t hja de priis yn ’e kampstrijd earlik wûn hat.
Al hawwe de goddeleazen in soad bern, it jout harren neat:
wat fan wylde leaten komt, set gjin woartel yn ’e djipte,
it kriget gjin hâld yn ’e grûn.
Ek al sjitte de tûken earst út,
it stiet wif, de wyn skoddet it trochinoar
en by stoarmwaar knappe de woartels ôf.
De tûken brekke al, ear’t se útgroeid binne,
de frucht is neat wurdich, wurdt net ryp om te iten,
men kin der neat mei.
Bern út in sûndige bysliep binne by it oardiel getugen tsjin har âlden dy’t net doogden.
Mar de deugdsume sil rêst fine, ek al stjert er jong.
In earfolle âlderdom krijt men net mei lang te libjen,
dy wurdt net ôfmetten neffens it tal fan ’e jierren;
nee, in ferstannich oardiel, dat is griis hier,
in smetteleas libben, dat is hege âlderdom.
Sa’n ien hat it God nei ’t sin dien, God hâldt fan him,
hy libbe tusken de sûnders, mar is derby weihelle;
hastich is er derút tild, dat it kwea syn geast net bedjerre
en it bedroch him net op ’e doele bringe soe.
De tsjoen fan it kwea benimt it goede syn glâns,
de twirre fan ’e begearte kin de ûnskuld omteare.
Mei yn in lyts setsje tiid ta folsleinens te kommen hat er lange tiden fol makke;
syn libben wie de Hear gefallich;
dêrom helle Dy him gau út ’e ferdoarnens wei.
De lju seagen it en koenen der net by;
it kaam hielendal net by harren op,
dat der foar Gods útkarden genede en barmhertichheid bestiet,
dat syn hilligen beskerme wurde.
De deugdsume dy’t stjert, set de goddeleazen dy’t libje, te skande
en de ier ta folsleinens kommen jonkheid, set de hege âlderdom fan ’e sûnder te spot.
De libbensein fan ’e wize sjogge se wol,
mar wat God mei him foar hie, dêr hawwe se gjin aan fan;
se begripe net, wêrom’t de Hear him yn feilichheid brocht hat.
Se sjogge it en gnize derom,
mar de Hear sil harren útlaitsje.
Dan sille it ferskopte liken wêze,
in ivige ôfgriis ûnder de deaden.
De Hear sil har brekke, stomslein geane se de ôfgrûn yn;
Hy sil harren út har fêstichheid weistjitte;
se sille hielendal útdroegje,
fergean fan ’e pine
en gjinien dy’t mear oan har tinkt.
As de rekken fan har sûnden opmakke wurdt, komme se deabenaud oansetten,
want har eigen ûngerjochtichheden binne der om har oan te kleien.