1Frij en frijmoedich sil dan de deugdsume stean tsjin harren oer dy’t him beneare hawwe
en dy’t syn skreppen sa’n bytsje telden.
2No’t se him sjogge, wurdt it har bang om ’t hert,
stomferbaasd dat er tsjin alle ferwachting yn behâlden is.
3Dan sizze se spitich tsjininoar,
suchtsjendewei, har rie te’n ein:
4‘Dat is no de man dêr’t wy eartiids de gek mei hienen;
wy skolden him út, hy wie de pikstien, slûgerts dat wy wienen;
syn trant fan libjen like ús healwiis ta,
syn dea sûnder eare.
5Hoe is ’t mooglik, dat er no by Gods freonen rekkene wurdt,
dat er in erfdiel hat by de hilligen?
6Ja, wy binne fan ’t goede paad ôfdwaald,
it ljocht fan ’e gerjochtichheid hat foar ús net skynd,
de sinne is foar ús net opkommen.
7Wy wienen fêstrûn op ’e wegen fan ûnrjocht en ferdjer,
wy gongen troch ûnbebane woestinen,
it paad fan God woenen wy net fan witte.
8Us grutdoggerij, wat hat it ús jûn?
Rykdom en in steil wurd, wat hat it ús opsmiten?
9Al dy dingen binne foarbygien as in skaad,
as in boade dy’t by ús lâns fljocht,
10as in skip dat troch wylde weagen brûst –
gjin spoar fan syn trochreis is mear te finen,
likemin as it soal fan ’e kyl yn ’e baren;
11of as in fûgel dy’t troch de loft fljocht –
gjin bewyske fan syn flecht kin men fine,
hy swypket de lichte lucht troch mei syn flerken te slaan
en giet der mei fûl gerûs fan ’e wjokken trochhinne;
dêrnei is der gjin teken fan syn trochreis mear te finen.
12Of lykas in pylk dy’t op in doel ôfsketten is – de lucht wurdt útinoar snien, mar rint op slach wer yninoar
en fan syn baan is neat mear te bekennen.
13Sa is it ek mei ús, krekt binne wy der, of wy wurde wei:
gjin spoar fan deugd kinne wy sjen litte,
want mei kweadwaan ferdogge wy ússels.’
14De hope fan ’e goddeleaze is as tsjêf dat de wyn meifiert,
as flutterich skom dat yn ’e stoarm ferfljocht as reek dy’t troch de wyn útinoar stoot;
se wurdt wei as it oantinken oan in gast fan ien dei.
15Mar de deugdsumen libje altiten troch,
har lean leit yn ’e hannen fan ’e Hear. De Allerheechste soarget foar harren.
16Dêrom krije dy út de Hear syn eigen hân de keninklike majesteit en de earekroan.
Mei syn rjochterhân beskermet Er harren;
as ûnder in skyld, sa sitte se ûnder syn earm.
17As pânser brûkt Er syn neigeande leafde
en tsjin de fijân set Er syn skepping yn ’e wapens.
18As harnas docht Er de rjochtfeardichheid oan,
it rjochtute oardiel set Er op as helm,
19syn ûnferwinlike hillichheid nimt Er as skyld.
20syn ûnferbidlike grime skerpet Er ta swurd,
de hiele kosmos fjochtet mei Him tsjin ’e dwazen.
21De pylken fan syn wjerljocht fleane rjocht op har doel ôf,
as fan in strak spande bôge stowe se út ’e wolken wei derop ta;
22hagelstiennen wurde mei razend geweld delslingere,
it wetter fan ’e see giet wyld tsjin har te kear,
wreed spiele de rivieren har ûnder.
23De azem fan ’e Almacht komt tsjin harren opsetten
en as in swiere stoarm slacht dy har útinoar.
Sa makket de ûngerjochtichheid de hiele ierde ta in woestenij,
it kwea reaget de troan fan ’e machtigen om.