1Mar it libben fan ’e deugdsumen leit yn Gods hân,
pine rekket harren net.
2Yn ’e eagen fan ’e ûnferstannen liken se dea te wêzen,
har útein waard beskôge as in ferlerne slach,
3har by-ús-weireitsjen as in ferneatiging;
mar se binne yn ’e frede.
4Al krigen se yn ’e eagen fan ’e minsken ek slaggen,
al har ferwachtings gongen út nei de ûnstjerlikens.
5Nei in lytse bestraffing falt har in grutte segen ta,
God hat harren op ’e proef steld
en hat doe murken, dat se Him pasten.
6As goud yn ’e oven hat Er harren lottere,
as in brânoffer hat Er harren oannommen.
7As de dei fan it oardiel komt, sille se glânzje;
as fûnken sille se oer de stoppels stowe.
8Folken sille se oer oardielje, oer naasjes regearje,
de Hear sil har kening wêze foar altiten.
9Dy’t op Him fertrouwe, sille de wierheid ferstean,
dy’t Him trou binne, bliuwe by Him yn ’e geunst,
want foar syn útkarden sil der genede en barmhertichheid wêze.
10Mar de goddeleazen sille de straf krije foar wat se yn ’e holle hienen,
de lju dy’t fan God ôffoelen en har net bekroaden om ’e deugdsumen.
11Ungelokkich wa’t fan wysheid en tucht neat witte wol;
sokke lju har hope is idel, har bodzjen om ’e nocht,
har wurk omdôch.
12De froulju fan sokken binne ûnferstannich, de bern doge net,
op ’e neiteam leit in flok.
13Mar lokkich de ûnfruchtbre frou dy’t sûnder smet is,
dy’t gjin weet hat fan in sûndich bêd.
Har fruchtberens sil bliken dwaan, as oer it libben oardiele wurdt.
14Lokkich ek de eunúch dy’t gjin kwea dien hat
en gjin ferkeards yn ’t sin hat tsjin de Hear,
want foar syn trou sil er útsûnderlik beleanne wurde
en in allerhearlikst plak yn ’e timpel fan de Hear krije.
15Fan goede dieden is de frucht poerbêst,
de woartel fan ’t ferstân fergiet noait.
16Bern fan troubrekkers hawwe lykwols gjin takomst:
neiteam dy’t yn sûnde wûn is, wurdt wei.
17Ja, ek al wurde se âld, se binne net yn tel;
de ein is in âlde dei sûnder eare.
18Stjerre se jong, foar har is der hope noch treast op ’e dei fan it oardiel;
19de ein fan in sûndich geslacht is wol wreed.