1Sij liet, mei help fan in hillich profeet, alles slagje, wat se ûndernamen.
2Se teagen troch de iensumheid fan ’e woestyn,
sloegen har tinten op yn ûntagonklike oarden,
3stienen har fijannen en sloegen har tsjinstanners tebek.
4Se hienen toarst en rôpen doe om Jo, Hear,
en krigen wetter út in steile rots,
in hurd stik stien fersloech har toarst.
5Sa waard, wat tsjinst dien hie om har fijannen te straffen,
foar har in útkomst yn ’e need.
6Wylst de fijân ivich siet mei in rivier dy’t smoarch wie fan bloed en slyk
7– as straf foar it befel ta bernemoard –
joegen Jo jo folk tsjin alle ferwachting yn wetter yn oerfloed.
8Troch de toarst dy’t se doe hienen, lieten Jo útkomme,
mei wat foar in straf Jo har tsjinstanners troffen hienen,
9want troch dizze besikings, dy’t net oars wienen as in te plak setten út goederbêst,
begriepen se, hoe slim de goddeleazen lije moasten, dy’t ûnder it oardiel fan Gods grime foelen.
10Ommers, as in fermoanjende heit lieten Jojo folk besikings trochstean,
mar de oaren, dy hawwe Jo straft sa’t in strange kening docht, as er feroardielet.
11Oft it no fan fierrens kaam of fan tichteby, se waarden likegoed pleage.
12Dûbel wie it fertriet dat harren oangriep,
dûbel it suchtsjen, as se neitochten oer wat bard wie;
13want doe’t se gewaar waarden, dat wat foar harsels in straf west hie,
foar de Israeliten krekt in gelok betsjutte, fielden se de hân fan de Hear.
14En de man dy’t se earst fersmiten hienen en húnjend oan kant skoud,
dêr hienen se bewûndering foar, doe’t alles ôfrûn wie.
De toarst dy’t se hân hienen, wie wat oars as dy fan ’e deugdsumen.
15As straf foar har healwize en sûndige opfettings,
dy’t har alhiel op ’e doele brochten en makken, dat se stom krûpend guod en smoarge krobben ferearen,
hawwe Jo in macht stomme bisten op har ôfstjoerd.
16Dan koenen se mar leare, dat men straft wurdt mei ’t kwea dêr’t men jin oan besûndige hat.
17Ommers, foar jo almachtige hân – de hân dy’t de wrâld út foarmleaze stof makke hat – wie it de muoite net om in keppel bearen en ferskuorrende liuwen op har ôf te stjoeren,
18of oars nijmakke, ûnbekende wylde bisten, sa grimmitich as ’t mar kin,
bisten dy’t in flamjende azem útblaze,
dy’t in gromjende reekwalm foar har útjeie
of yslike fûnken út har eagen sjitte litte,
19bisten dy’t harren net allinne mei biten ferdylgje koenen,
mar ek al deadzje troch neat oars as har ôfgryslik oansjen.
20Ek sûnder dy bisten hienen Jo harren mei ien sike beswike litte kinnen,
Jo hienen har yn har flecht foar de straffende gerjochtichheid mei jo machtige azem fuortblaze kinnen;
mar nee, alles hawwe Jo oardere neffens mjitte, tal en gewicht.
21Jo grutte macht stiet altiten ta jo foldwaan.
Wa kin it hâlde tsjin jo machtige earm?
22Och, de hiele wrâld is foar Jo mar in kerreltsje op ’e skealjes,
in drip moarnsdauwe dy’t op ’e grûn falt,
23mar alles giet Jo oan ’t hert – krekt om’t Jo alles kinne.
Jo sjogge de sûnden fan ’e minsken troch de fingers, krekt om har ta ynkear te bringen.
24Al wat bestiet, hawwe Jo leaf,
neat fan wat Jo makke hawwe, wearzet Jo.
Hienen Jo der wat fan hate, Jo soenen it net makke hawwe.
25Hoe soe in ding bestean bleaun wêze, as Jo it net woenen?
Wat soe it úthâlden hawwe, as Jo it net ta libben roppen hienen?
26Jo ûntsjogge alles, want alles is jowes, master en freon fan wat libbet,