1jo ûnstjerlike geast is yn alles.
2Dêrom sette Jo de sûnders mei ferdrach te plak,
Jo warskôgje harren, Jo wize har op misstappen,
dat se har losmeitsje fan ’t kwea en Jo fertrouwen jouwe, Hear.
3Sa ek de eardere bewenners fan jo hillich lân ...
4Jo hawwe harren hate om har kweade praktiken,
har tsjoenderij en goddeleaze feesten,
5it ûnmeilydsum ombringen fan bern,
it iten fan minskefleis en yngewant en it drinken fan minskebloed.
Ynwijden wienen it, dy’t hearden ta in wylde binde,
6moardners fan har eigen warleaze bern.
Jo woenen se útroegje troch de hannen fan ús foarâlden:
7it kostberste lân dat der foar Jo te finen wie,
soe Gods eigen folk as passende bewenners krije.
8Mar sels dy hawwe Jo ûntsjoen, om’t it ek minsken wienen;
Jo hawwe brimzen foar jo leger útstjoerd
om har njonkenlytsen út te roegjen.
9Jo hienen de goddeleazen bêst yn in grutte fjildslach oan ’e deugdsumen oerleverje kinnen of har yn ien klap ferdylgje troch wylde bisten of troch in ûnferbidlik wurd,
10mar Jo folbrochten har fonnis stap foar stap en lieten sa romte oer foar bekearing.
Jo wisten wol, dat se fan hûs út yn ’e grûn ferkeard wienen dat it kwea der fan jongs ôf ynsiet
en dat har opfettings yn der ivichheid net feroarje soenen.
11It wie ommers in ferflokt skaai fan begjin ôf oan.
Jo hoegden net ien te mijen en dochs hawwe Jo har sûnden ûnbestraft litten.
12Wa soe tsjin Jo sizze kinne: Wat hawwe Jo dien?
Wa soe it tsjin jo fonnis yn ’e kant sette?
Wa soe Jo oankleie foar it útmoardzjen fan folken dy’t Jo sels makke hawwe?
Wa soe tsjin Jo yn ’e pleit gean foar skuldige lju?
13Der is gjin God behalven Jo: Jo giet alles oan,
Jo hoege net te bewizen dat jo fonnis rjochtfeardich wie.
14Gjin kening, gjin hearsker kin Jo derop oansjen, as Jo straffe.
15Rjochtfeardich as Jo binne, regelje Jo alles mei rjochtfeardigens;
jo macht is it frjemd, ien te feroardieljen dy’t gjin straf fertsjinne hat.
16Jo macht is de boarne fan it rjocht.
Om’t Jo oer alle dingen geane, sparje Jo alles.
17As minsken net yn ’e folsleinens fan jo macht leauwe, toane Jo jo krêft,
kenne se dy wol en binne se dochs oermoedich, dan straffe Jo harren ôf.
18Om’t Jo sa’n macht ta jo foldwaan hawwe, is jo oardiel myld
en bestjoere Jo ús mei grutte ynskiklikens,
want wat Jo ek wolle, Jo hawwe der de macht ta.
19Sadwaande hawwe Jo jo folk leard,
dat de deugdsume alle minsken tagedien heart te wêzen.
Jo hawwe jo bern de hoop ynjûn,
dat Jo nei de sûnde romte jouwe foar berou.
20As Jo ommers foar de fijannen fan jo folk, dy’t de dea fertsjinnen,
sa soarchsum en ynskiklik west hawwe by ’t straffen troch har tiid en gelegenheid te jaan om fan ’t kwea ôf te kommen,
21hoe hoeden hawwe Jo jo eigen folk dan net berjochte.
Yn mei eden bekrêftige ferdraggen hawwe Jo har foarâlden safolle goeds tasein.
22Wylst wij troch Jo te plak set wurde, slane Jo ús fijannen tûzenkear sa hurd.
Sa leare Jo ús jo goedens foar eagen te hâlden, as wysels in oardiel útsprekke,
en ek dat wy hoopje meie op jo barmhertigens, as oer ús oardiele wurdt.
23Dêrom hawwe Jo de dwazen, dy’t mar yn ’t wylde wei libben,
ôfstraft mei har eigen ôfgoaden.
24Se wienen fier ôfdwaald, ferkearde paden op,
de fiiste en ûnhuerste bisten hâlden se foar goaden,
se lieten har ferrifelje as ûnnoazele bern.
25As bern dy’t har ferstân noch krije moatte,
hawwe Jo har dan ek straft en te spot set.
26Dy’t har lykwols dêr net troch beleare litte,
sille de folle swierte fan it godlik oardiel ûnderfine.
27Wat wienen se min te sprekken oer it lêst fan dy bisten!
Mar doe’t se seagen, dat se krekt straft waarden mei wat se foar goaden hâlden,
erkenden se as de wiere God Him, dy’t se eartiids net kenne woenen,
dêrom kaam de heechste straf op har hollen del.