Tredde diel: De wurking fan Gods wysheid
1Sij wie it, dy’t de earstfoarme minske, de heit fan ’e wrâld, beskerme,
doe’t dy noch allinne yn ’e skepping wie.
Sij wie it, dy’t him rêde, doe’t er fallen wie,
2en de macht joech oer alles.
3Mar doe’t in skurk him yn drift fan har ôfkearde
en yn woede syn broer fermoarde, waard dat syn eigen dea.
4En doe’t om him te straffen de ierde ûnder wetter strûpte, rêde de wysheid har wer,
hja loadste de deugdsume dêrtroch hinne op in deagewoan stik hout.
5En doe’t de folken, ienriedich yn har ferdoarnens, trochinoar rekke wienen,
wie sij it, dy’t de deugdsume derút koe, him ûnbesmet foar God bewarre
en makke dat er sterk stie tsjin it gefoel foar syn soan oer.
6Sij wie it, dy’t by it útroegjen fan ’e goddeleazen de deugdsume rêde;
sa ûntkaam hy oan it fjoer, dat op ’e Fiif Stêden delsloech.
7As bewiis fan ’e ferdoarnens fan ’e bewenners rikket it noch altyd yn dy ferlittene oarde;
de planten drage dêr fruchten dy’t net op ’e tiid ryp wurde,
en der stiet noch in sâltpylder as oantinken oan in siel dy’t net leauwe woe.
8Ommers, mei’t se de wysheid skouderen,
hawwe de lju net allinne de kennis fan it goede mist,
mar hawwe se de libbenen ek noch in oantinken neilitten fan har ûnferstân.
Sa koe it net geheim bliuwe, wêr’t se mis yn west hienen.
9Mar dy’t har trou wienen, hat de wysheid út ’e gefaren rêden.
10Sij wie it dy’t de deugdsume foargong de rjochte paden lâns,
doe’t er oan ’e grimmitigens fan syn broer ûntkomme woe;
hja liet him Gods ryk sjen
en joech him kennis fan it hillige.
Swierrichheden holp se him út en se brocht him op it goede spoar,
se soarge dat syn skreppen frucht droech.
11Hja holp him tsjin ’e ynklauwerigens fan syn ferdrukkers
en makke him ryk.
12Hja hoede him tsjin syn fijannen
en beskerme him tsjin dy’t in strûp foar him set hienen.
Hja joech him de oerwinning yn in swiere wrakseling,
om him te learen dat frommens alles oermânsk is.
13Sij wie it, dy’t de deugdsume net ferliet, doe’t er ferkocht wie,
mar bewarre him foar de sûnde.
14Hja gong mei him de tichthúshoale yn
en liet him yn ’e boeiens net yn ’e steek.
Hja besoarge him op it lêst de keningsskepter
en macht oer syn ûnderdrukkers.
Hja liet útkomme dat de lju dy’t him belasteren, liigden
en joech him ivige eare.
15Sij wie it, dy’t in hillich folk, in ûnbesprutsen stam,
rêden hat út ’e macht fan in folk fan ûnderdrukkers.
16Hja teach yn ’e siel fan in Godstsjinner
en mei wûnders en tekens hâlde se hoek tsjin in skriklike kening.
17Hja besoarge de hilligen it lean foar har skreppen,
brocht har in wûndere wei lâns.
Oerdei wie se foar harren in wolk dy’t beskûl joech,
by nacht it ljocht fan ’e stjerren.
18Hja makke foar harren in paad troch de Reade See,
brocht harren dwers troch de wetterfloed.
19Mar de fijannen ferswolge se yn ’e baren,
út ’e grûnleaze djipte wei spuide se harren wer út.
20Sa seagen de deugdsumen de goddeleazen nei;
doe hawwe se, Hear, jo hillige namme besongen
en ien fan sin jo helpende hân prize.
21Ja, de wysheid briek stomme mûlen iepen
en makke bernetonkjes los.