Tobit 7
Tobías yn Ekbátana
1Se gongen fierder nei Ekbátana en kamen by it hûs fan Raguël. Sara rûn harren temjitte en se begroeten inoar. Doe brocht se harren yn ’e hûs. 2Raguël sei tsjin syn frou Edna: Wat liket dizze jongfeint op myn neef Tobit. 3En Raguël frege harren: Wêr komme jimme wei, bruorren? Se seinen: Fan it folk fan Naftaly, dat nei Ninevé ferballe is. 4Hy sei: Kenne jimme Tobit dan ek? Dat is famylje fan ús. Jawis, seinen se. 5Doe frege er: Is ’t goed mei him? Ja, seinen se, hy libbet noch en is goed sûn. En Tobías sei: It is myn heit. 6Doe sprong Raguël oerein en sloech de earms om him hinne. Triennen kamen him yn ’e eagen en hy segene him en sei: Do bist de soan fan in bêste, brave man. En doe’t er hearde, dat Tobit it gesicht ferlern hie, fûn er dat tige slim en gûlde. 7Syn frou Edna en syn dochter Sara gûlden ek. Se hellen harren ek fan herten yn. 8Se slachten in raam en setten de tafel fol mei iten.
9Doe sei Tobías tsjin Rafael: Bêste Azarja, sis no, wat jo ûnderweis sein hawwe. Der moat no trochpakt wurde. 10Dy brocht Raguël op ’e hichte en Raguël sei tsjin Tobías: Yt en drink en wês mar op ’t skik, want do krijst myn bern, se komt dy ta; mar ik moat dy krekt sizze, hoe’t it stiet. 11Ik haw myn dochter al oan sân manlju jûn, mar as dy de earste nachts by har komme woenen, stoaren se. Mar no moatst earst goed ite. 12Tobías sei: Ik sil hjir gjin hap ite, as jim earst net alles mei my regele en dien hawwe. Doe sei Raguël: Nim har fan no ôf oan as dyn frou neffens de wet. Do bist famylje fan har en sy komt dy ta. De barmhertige God sil jim de bêste wei wize.
13Doe rôp er Sara, syn dochter, naam har by de hân en joech har as frou oan Tobías mei de wurden: Sjoch, nim har as frou mei nei dyn heit, sa’t de wet fan Mozes oanjout. En hy segene harren. 14Doe rôp er syn frou Edna derby, naam in skriuwblêd en skreau dêr it kontrakt op. En nei’t se dêr in segel op dien hienen, begûnen se te iten. 15Wer rôp er syn frou Edna en hy sei tsjin har: Meitsje de oare keamer yn oarder en bring har dêrhinne. 16Se die wat er sein hie, en brocht Sara dêrhinne. Dy begûn te gûlen, mar sy fage har dochter de triennen fan ’t gesicht en sei: Flink wêze, fanke, de Hear fan himel en ierde sil dy, hoopje ik, freugde jaan ynpleats fan dit fertriet. Flink wêze, fanke.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap