Tobías wurdt sparre
1Doe’t it iten berêden wie, brochten se Tobías nei har ta. 2Op wei dêrhinne kamen Tobías de wurden fan Rafael yn it sin. Hy naam wat gleone wijreekjiske en lei dêr it hert en de lever fan ’e fisk op. De reek sloech derôf. 3De duvel rûkte de geur noch mar krekt, of hy naam de wyk nei de fierste útein fan Egypte. Dêr sette de ingel him fêst.
4Doe’t se tegearre yn ’e keamer wienen, mei de doar ticht, gong Tobías nêst it bêd stean en sei: Kom oerein, fanke, lit ús bidde, dat God ús goedgeunstich wêze mei. 5Tobías begûn sa: Heech te priizjen binne Jo, God fan ús âlden, te priizjen is jo hillige en wiid ferneamde namme oant yn ivichheid. Lit de himel en al jo skepsels Jo priizje. 6Jo hawwe Adam makke en him as help en stipe Eva jûn, syn frou. Ut harren is it minskdom fuortkommen. Jo hawwe sein: It is net goed, dat de minske allinne bliuwt, lit ús in help foar him meitsje, dy’t him beliket. 7Sa nim ik no, Hear, myn suster hjirre, net tsjin mar krekt neffens de wet. Wês barmhertich foar my en lit my mei har âld wurde. 8Tagelyk mei him sei hja: dat it sa wêze mei. 9Doe gongen se tegearre op bêd dy nacht.
10Doe’t Raguël fan ’t bêd kaam, gong er derút om in grêf te graven. Hy tocht: Dizze sil ek wol wer dea wêze. 11Hy kaam yn ’e hûs 12en sei tsjin Edna, syn frou: Lit ien fan ’e fammen ris sjen, oft er noch libbet. Sa net, dan begrave wy him; gjinien moat it witte. 13De faam die de doar iepen, gong deryn en seach harren tegearre lizzen te sliepen. 14Se kaam werom en sei harren, dat er noch libbe. 15Raguël prize God mei dizze wurden: Heech te priizjen binne Jo, God, mei alle suvere en hillige lof. Priizje moatte se Jo allegearre, jo hilligen, jo skepsels, jo ingels. Priizje moatte se Jo allegearre, jo útkarden, yn ivichheid. 16Heech te priizjen binne Jo om de blydskip dy’t Jo my jûn hawwe: dat, wêr’t ik sa bang foar wie, lieten Jo net trochgean. Nee, Jo hawwe jo grutte barmhertichheid foar ús jilde litten. 17Heech te priizjen binne Jo, om’t Jo foar dizze twa iennichste bern sa goedgeunstich west hawwe. Bliuw harren tagedien, Hear, jou harren oan de ein ta in libben fol sûnens, blydskip en fol fan jo barmhertichheid.
18Syn feinten joech er oarder it grêf ticht te smiten. 19Doe rette er foar de jongelju in brulloft ta fan fjirtjin dagen lang 20en hy beswarde Tobías, dat er net fuortgean mocht, foar’t de fjirtjin brulloftsdagen om wienen. 21Dan krijst de helte fan al myn hawwen en hâlden, sei er, en kinst yn sûnens wer nei dyn heit ta gean. De oare helte krijst, as myn frou en ik beide stoarn binne.