Tobit 6
Underweis
1Sa wienen se dan op wei en dy jûns kamen se by de rivier de Tigris. Dêr oernachten se. 2De jonge gong de delte yn, nei de rivier, om him te waskjen. Doe sprong der in fisk út it wetter op en dy woe de jonge opfrette. 3Mar de ingel sei tsjin him: Pak dy fisk mar beet. Dat die de jonge en hy krige him op ’e wâl. 4Doe sei de ingel: Snij him mar iepen en helje it hert, de lever en de galle derút; dy moatst bewarje. 5De jonge die wat de ingel sein hie. De fisk waard bret en se ieten him op. 6Se reizgen tegearre fierder oant se tichteby Ekbátana kamen. 7Doe frege de jonge de ingel: Bêste Azarja, wêr binne it hert, de lever en de galle goed foar? 8Hy antwurde: As immen lêst hat fan in duvel of in kweageast, dan moat men hert en lever rikje, dêr’t dy man of frou by is; dan hawwe se der gjin lêst mear fan. 9En de galle, dy moat men de man op ’e eagen strike, dy’t dêr wite plakken op hat. Dan wurdt er better.
10Doe’t se by Ragau kamen, 11sei de ingel tsjin de jonge: Freon, wy sille hjoed ûnderdak krije by Raguël, famylje fan dy. Hy hat allinne mar in dochter, Sara hjit se. 12Ik sil der mei him oer prate, oft se dyn frou net wurde kin. Wat sy tegoede hat, falt dy ta, do bist har iennichste famylje. It is in kreas en skrander fanke. 13Tink mar om wat ik sis: Ik sil mei har heit prate. As wy dan út Ragau wei geane, hâlde wy de brulloft. Ik bin der wis fan, dat Raguël har net oan in oar jout; hy sil him hâlde oan ’e wet fan Mozes. Oars soed er himsels de dea op ’e hals helje. Do hast mear rjocht op har as wa oars.
14Doe sei de jonge tsjin de ingel: Bêste Azarja, ik haw heard, dat dat frommiske al oan sân manlju ferjûn west hat en dat dy allegearre yn ’e breidskeamer har ein fûn hawwe. 15No bin ik heit syn iennichste en ik bin bang, dat ik ek stjerre moat, as ik yn har keamer kom, lykas dy oaren foar my. In duvel is fereale op har en dy docht gjinien wat, behalven dy’t by har komme wolle. Ik bin bang fan de dea en it fertriet dêroer soe heit en mem it grêf ynbringe. Se hawwe net noch in soan dy’t har begrave kin.
16De ingel sei: Witst net mear, wat dyn heit dy sei oer it nimmen fan in frou út eigen famylje? Tink om wat ik dy sis, bêste freon: Dit wurdt dyn frou. Bekroadzje dy mar net om dy duvel. Jûn krijst har ta frou. 17Ast yn ’e breidskeamer komste, nim dan wat waarme wijreekjiske en lis dêr in stik fan it hert en de lever fan ’e fisk op. Dêr komt reek fan en de duvel sil dy rûke. Dan is er samar fuort en komt yn der ivichheid net wer. 18Ast dan mei har te bêd silst, moatte jimme allebeide earst de barmhertige God oanroppe en syn goedgeunstichheid freegje foar jim behâld. Wêr soest oer yn sitte? Fan begjin ôf oan hat se foar dy ornearre west. Do silst har út ’e need helpe en hja sil mei dy gean en ik wit fêst, datst bern by har krije silst.
19Doe’t Tobías dat hearde, begûn er safolle foar har te fielen, dat hy koe syn sin net wer fan har ôfsette.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap