Opskrift
1It moaiste liet fan Salomo.
Langst fan ’e breid
2Tútsje my mei de tuten fan dyn mûle,
want dyn leafde is kostliker as wyn,
3dyn oalje rûkt sa swiet,
dyn namme is as oalje, dy’t útgetten wurdt,
dêrom hâlde de jongfammen fan dy.
4Lûk my mei, lit ús oanmeitsje,
bring my yn dyn keamers, o kening.
Wy wolle jubelje en bliid om dy wêze,
ús bedrinke oan dyn leafde, mear as oan wyn.
It is mei rjocht en reden, dat se fan dy hâlde!
5Brûn ferbaarnd bin ik, mar dochs moai,
dochters fan Jeruzalem,
as de tinten fan Kedar,
as de tintkleden fan Sjalma.
6Sjoch der gjin niget oan, dat ik donker bin,
dat de sinne my ferbaarnd hat.
Us memme soannen wienen wreed oer my,
se twongen my op ’e wyngerds te passen,
mar myn eigen wyngerd haw ik net op past.
7Fertel my dochs, myn alderleafste,
wêrsto de keppel weidest
en wêrst middeis it fee rêste litst.
Wêrom soe ik fan ’e iene nei de oare rinne
de keppels fan dyn maten bylâns?
8– Asto it net witst,
do moaiste fan ’e froulju,
folgje dan de fuotprinten fan ’e skiep
en weidzje dyn geitsjes
by de tinten fan ’e hoeders.
Petear fan breugeman en breid
9– Mei in merje foar de weinen fan Farao
wol ik dy fergelykje, myn freondinne.
10Moai bin dyn wangen tusken de hingers
en dyn hals yn ’e kralestringen.
11Wy wolle dy gouden hingers meitsje
mei sulveren puntsjes.
12– Salang’t myn kening oan syn tafel sit,
jout myn nardus syn swiete rook.
13Myn leafste is my in boskje mirre,
dat tusken myn boarsten rêst.
14Myn leafste is my in bosk hennablommen
út ’e wyngerds fan Engêdy.
15– O, wat bisto moai, myn freondinne,
o, wat bisto moai,
dyn eagen binne as dowen.
16– O, wat bisto moai, myn leafste,
hearlik moai
en it grien is ús rêstbêd,
17seders binne de balken fan ús hûs,
sypressen binne de spanten.