1Ik bin in titelroas fan Sjaron,
in leelje út ’e lichten.
2– As in leelje tusken de stikels,
sa is myn freondinne tusken de jongfammen.
3– As in appelbeam tusken de beammen yn ’e bosk,
sa is myn leafste tusken de jongfeinten.
Wat mei ik graach yn syn skaad sitte
en wat is syn frucht swiet foar myn ferwulft.
4Hy brocht my yn it wynhûs
en syn leafde wie boppe my as in flage.
5Sterkje my dochs mei resinen,
ferkwik my mei appels,
want ik bin siik fan leafde.
6Syn linkerhân leit ûnder myn holle
en syn rjochterhân om my hinne.
7Ik beswar jimme, fammen fan Jeruzalem,
by de gazellen of reeën fan it fjild:
Fjurje de leafde net oan en meitsje har net wekker,
ear’t se der nocht oan hat.
Liet fan ’e breid
8Hark – myn leafste!
Sjoch – dêr komt er
springendewei oer de bergen,
dûnsjendewei oer de heuvels.
9Myn leafste liket wol in gazelle
of it jong fan in ree.
Sjoch – dêr stiet er
achter ús muorre,
hy loert troch de finsters,
hy kipet troch de traaljes.
10Aanst nimt myn leafste it wurd en seit:
Oerein myn freondinne,
kom dochs, myn moaiste.
11De winter is ommers foarby,
it reinen is oer, it is dien.
12De blommen komme foar ’t ljocht yn it lân
en it is wer sjongerstiid,
it koeren fan ’e toartels is wer te hearren
yn it lân.
13De figebeam lit syn iere fruchten tine,
de bloeiende wynranken rûke swiet.
Oerein, myn freondinne,
kom dochs, myn leafste.
14Myn do yn ’e rotskleauwen,
yn ’e skûlhernen fan ’e kliffen,
lit my sjen hoesto der útsjochst,
lit my dyn stimme hearre,
want swiet is dyn lûd
en moai is dyn foarkommen.
15Fang ús de foksen,
de lytse foksen,
dy’t de wyngerds ferniele,
want ús wyngerds stean yn ’e bloei.
16Myn leafste is mines en ik bin fan him
dy’t tusken de leeljes de keppel weidet,
17oant de moarntydswyn waait
en de skaden flechtsje.
Kear dy dan om, myn leafste,
wês in gazelle
of it jong fan in ree
yn ’e bergen fan Bêter.