1Tink oan dyn Skepper yn ’e jonge jierren
ear’t de minne tiid komt
en de jierren oanbrekke, dêrsto fan sizze moatst:
Dêr haw ik gjin nocht oan;
2– ear’t de sinne fertsjustere wurdt
en it ljocht fan moanne en stjerren minderet,
as de iene bui reinwetter de oare jaget;
3– de tiid, dat de wachters fan it hûs begjinne te triljen
en de sterke keardels krom wurde,
as de mealfammen mei it wurk ophâlde,
om’t se minmachtich wurden binne
en dy’t ta it finster útsjen moatte,
neat mear sjen kinne;
4– ear’t de útdoarren sletten wurde
en it knarsen fan ’e mûne minderet,
as de stim as in fûgel begjint te piipjen
en alle toanen sêft wurde;
5– de tiid datsto der tsjinoansjochst om omheech
en yn tûzen noeden op ’e strjitte ferkearst,
as de mangelbeam yn ’e bloei rekket
en de sprinkhoanne net fierder kin,
as de kapperbei net mear helpt;
de minske is ommers op reis nei syn ivich hûs
en roukleiers geane al yn ’e strjitten om;
6– ear’t de sulveren koarde knapt
en de gouden oaljehâlder brekt,
de krûk by de welle oan diggels barst
en it skeprêd by de put stikken giet;
7– dan, as it stof ta de ierde keart,
sa’t it west hat,
en de geast ta God keart, dy’t him jûn hat ...
8Neat mei neat, seit de Preker,
it is allegear neat.
It einbeslút fan ’e Preker
9De Preker wie net allinnich sels wiis,
hy hat it folk ek wysheid brocht;
hy naam de dingen yn berie en ûndersocht se
en hy stelde gâns spreuken op.
10De Preker socht nei wurden, dy’t deryn falle,
hy skreau rjocht op ’e man ôf en wier.
11De wurden fan ’e wizen binne puntich,
se lykje op rigen djip ynsleine spikers,
se binne ynjûn troch ien-en-deselde Hoeder.
12By einsluten, myn soan, lit dy warskôgje:
Der komt gjin ein oan it skriuwen fan in heap boeken
en gâns stúdzje makket de lea wurch.
13Fan al wat der te hearren wie, is dit it einbeslút:
Haw ûntsach foar God en nim syn geboaden yn acht,
dat past alle minsken.
14Want God sil al ús dwaan yn it oardiel bringe,
al wat ferburgen is, it goede likefolle as it kweade.