Simon
1Simon, de soan fan Onias, de hegepryster,
dat wie de man dy’t by syn libben it hûs fan God wer opknapte
en yn syn tiid de timpel fersterke.
2Hy lei de fûneminten foar de dûbelde hichte,
de hege bûtenmuorre fan it timpelplein.
3Yn syn tiid waard it wetterbekken úthoud,
in bak mei in omtrek sa grut as de see.
4Hy soarge derfoar, dat it folk net ûndergong
en makke de stêd sterk foar in belegering.
5Wat in machtich gesicht, as er him omdraaide nei it folk,
as er út it hûs mei it foarhingsel kaam!
6Hy wie as de moarnstjerre tusken de wolken,
as de moanne op ’e tiid dat er fol is,
7as de sinne, dy’t op ’e timpel fan ’e Allerheechste skynt,
as in reinbôge dy’t strielet yn machtige wolken,
8as in roas yn ’e maityd,
as in leelje by wetterboarnen,
as in twiich op ’e Libanon yn ’e simmer,
9as brânende wijreek yn ’e wijreekskaal,
as in faas fan bewurke goud,
fersierd mei alderlei kostbere stiennen,
10as in olivebeam dy’t syn fruchten jout
en as in sypres dy’t oant yn ’e wolken rikt.
11As hy syn prachtige klean oandie
en him klaaide mei it moaiste wat bestiet,
as er by it hillich alter opgong,
waard it plein fan it hillichdom fol fan syn hearlikheid.
12As er de offerstikken fan ’e prysters oannaam
en sels by it brânofferalter stie,
mei in krânse fan bruorren om him hinne,
dan wie hy as in útsprutende seder op ’e Libanon
en hja wienen om him hinne as leaten fan palmen,
13alle soannen fan Aäron yn har hearlikheid
mei it offer foar de Hear yn ’e hannen
foar de hiele gemeente fan Israel oer.
14En oan ’e ein fan ’e tsjinst oan it alter
om it offer oan de Allerheechste, de Almachtige klear te meitsjen,
15stiek er de hân út nei de beker
en offere druvebloed,
hy geat it út oan ’e foet fan it alter,
in leaflike rook foar de Allerheechste dy’t alle macht hat.
16Dan rôpen de Aäroniten lûd
en blaasden op trompetten fan bewurke metaal,
se lieten in lûde fanfare hearre
om it omtinken fan ’e Allerheechste yn te roppen.
17Dan kaam it hiele folk hastich byinoar
en foel mei de holle foaroer op ’e grûn
om har Hear te oanbidden,
de almachtige allerheechste God.
18De psalmsjongers prizen Him mei har stim
en in leaflike meldij klonk heech op.
19It folk smeke oan ’e allerheechste Hear,
yn gebed foar de Barmhertige oer.
Op ’t lêst wie de tsjinst fan de Hear folbrocht,
dan hienen se dien mei har earetsjinst.
20Dan kaam er del en stiek de hannen omheech
oer de hiele gearkomste fan ’e Israeliten
om de segen fan de Hear út te sprekken
en grutsk de namme fan de Hear te neamen.
Opnij foelen se yn oanbidding del
om de segen fan ’e Allerheechste te ûntfangen. [ 21]
No tankje God de Hear
22No dan, priizje de God fan alle dingen
dy’t oeral grutte dingen docht,
dy’t ús libben draacht fan ’e memmeskurte ôf,
dy’t mei ús docht nei syn barmhertichheid.
23Hy mei ús in fleurich hert jaan
en dat it frede wêze mei, salang’t wy libje
yn Israel lykas yn âlde tiden.
24Dat er syn barmhertichheid oan ús befêstigje mei
en dat Er ús befrije mei, salang’t wy libje.
Folken dy’t de skriuwer net lije mei
25Twa folken mei ik min lije
en it tredde is gjin folk:
26dy’t op ’e berch fan Seïr tahâlde, de Filistinen,
en it dwaze folk dat yn Sichem wennet.
Underskrift
27Lessen yn begryp en ynsjoch
hat yn dit boek dellein
Jezus, de soan fan Sirach, de soan fan Eleäzer út Jeruzalem,
dy’t wysheid út syn hert opwâlje liet.
28Lokkich is hy, dy’t dêr mei dwaande is,
dy’t wiis wurdt troch dy lessen oan te nimmen.
29Want as er dêrneffens docht, sil er oeral betûft yn wêze,
want it ljocht fan de Hear is syn paad.