Gebed
Ik wol Jo tank sizze, Hear en Kening,
ik wol Jo priizje, o God, myn Ferlosser,
ik wol jo namme tank sizze,
want Jo hawwe myn beskermer en helper west,
Jo hawwe myn libben ferlost fan ’e ûndergong,
út ’e strûp fan in kweasprekkende tonge,
fan ’e lippen fan ’e leagensprekkers;
en foar de omstanders oer
hawwe Jo myn helper west en
om jo grutte barmhertichheid en om jo namme my ferlost
út ’e iepen mûle fan dy’t klear stienen om my te ferslinen,
út ’e macht fan har dy’t it op myn libben fersjoen hienen,
út safolle benearingen dy’t oer my kamen,
út it smoarende fjoer om my hinne,
midden út it fjoer wei dat ik sels net oanstutsen hie,
út ’e djippe skurte fan it deaderyk
en fan ’e ûnreine tonge en leagentaal,
it kweasprekken fan in tonge fol ûnrjocht yn it bywêzen fan ’e kening.
Myn libben hat de dea neiby west,
ja myn libben wie ticht by it deadsryk dêrûnder.
Se besingelen my fan alle kanten en der wie gjin helper;
ik seach om nei help fan minsken en dy wie der net.
Doe tocht ik om jo ûntferming, o Hear,
om wat Jo fan âlde tiden ôf dien hawwe,
dat Jo rêde dy’t op Jo wachtsje
en harren ferlosse út ’e macht fan har fijannen.
Ik stjoerde myn smeekbea fan ’e ierde omheech
en frege om ferlossing fan ’e dea.
Ik rôp de Hear, de Heit fan myn Hear, oan:
Lit my net sitte, no’t ik yn need bin,
no’t ik helpleas bin tsjinoer de heechmoedigen.
Ik sil jo namme sûnder ophâlden priizje
en myn tankliet foar Jo sjonge.
En myn gebed waard ferheard;
want Jo hawwe my rêden fan ’e ûndergong
en my ferlost doe’t ik yn need wie.
Dêrom sil ik Jo tankje en loovje
en de namme fan de Hear priizje.
Hoe’t men wiis wurde moat
Doe’t ik noch jong wie, ear’t ik op reis gong,
frege ik frijmoedich om wysheid yn myn gebed.
By de timpel frege ik dêrom
en ik sil har oan it lêste ta neistribje.
Lykas in drúf frucht set en donker wurdt,
sa hie myn hert wille om har.
Amper hie ik myn ear te harkjen lein, doe ûntfong ik har
en ik krige gâns wize lessen.
Ik kaam fierder mei har;
dy’t my wysheid jout, sil ik eare jaan.
Want ik wie derop út, om neffens har te libjen,
ik stribbe it goede nei en waard net beskamme.
Myn geast focht om har
en ik haw myn bêst dien om de wet nei te kommen.
Ik haw de hannen útstutsen nei omhegen
en it spiet my, dat ik der noch mar sa’n bytsje fan wist.
Ik rjochte myn geast op har
en troch my te suverjen, haw ik har fûn.
Mei har haw ik ynsjoch wûn fan it begjin ôf,
dêrom sil ik net allinne litten wurde.
Ynwindich wie ik ûnrêstich om har bynei te kommen,
sadwaande krige ik har as in ryk besit.
De Hear joech my as beleanning in tonge
dêr’t ik Him mei ferhearlikje kin.
Kom by my, ûnbelearden,
en jou jimme del yn it learhûs.
Wêrom sizze jimme, dat jimme dêr temin fan meikrige hawwe
en dat jimme sielen omkomme fan ’e toarst?
Ik haw de mûle iependien en sprutsen.
Sjoch dat jim it krije, jimme hoege der net foar te beteljen.
Jou jim dêrûnder del,
lit jimme geast de tucht oannimme,
dy kin men tichteby wol fine.
Jimme sjogge mei eigen eagen, dat ik der net folle muoite foar dien haw
en foar mysels folop rêst fûn haw.
Jim oandiel yn it ûnderrjocht kostet jimme in grut bedrach oan sulver
en jimme fertsjinje der in heap goud mei.
Jimme sille bliid wêze om syn barmhertichheid;
meie jimme net beskamme wurde as jimme Him priizje.
Doch jimme wurk yn ’e tiid dy’t derfoar stiet,
en de Hear sil jimme leanje op syn tiid.