Josjía en Jeremia
1It oantinken oan Josjía is as de rook fan wijreek
dy’t de krûdeminger mongen hat.
It is elkenien swiet yn ’e mûle as hunich,
ja as muzyk by in miel mei wyn.
2Hy gong sels it rjochte paad en hy bekearde it folk;
hy roege de skriklike ûngerjochtichheid út.
3Hy rjochte syn hert op de Hear,
yn in tiid dat net ien him oan ’e wet steurde, befoardere hy de tsjinst fan God.
4Bûten David en Hizkía en Josjía
hawwe se allegearre slim ferkeard dien;
want se hâlden har net oan ’e wet fan de Allerheechste,
en doe wie it dien mei de keningen fan Juda.
5Se joegen har macht oan oaren
en har eare oan in frjemd folk.
6Dy stieken de útkarde stêd mei timpel en al yn ’e brân
en makken de strjitten fan Jeruzalem leech en ferlitten,
7sa’t Jeremia sein hie; want dy hienen se min behannele,
en hy wie noch wol yn ’e memmeskurte wijd ta profeet:
om út te skuorren en te fernielen en te ferneatigjen
en likegoed om te bouwen en te plantsjen.
Ezechiël en de tolve lytse profeten
8Ezechiël dy seach in fizioen fan Gods hearlikheid,
dat de Hear him toande op ’e wein fan ’e kearûb-ingels;
9hy tocht ek yn swier waar oan syn fijannen
om goed te dwaan oan dy’t op ’e rjochte paden gongen.
10Mei ek it biente fan ’e tolve profeten
nij libben útsprute litte út har grêf;
want dy hawwe Jakob treaste
en it folk troch hoop en fertrouwen ferlost.
It nije begjin nei de ballingskip
11Hoe sille wy Serûbbabel priizje?
Hy wie ommers as in segel oan ’e rjochterhân.
12Sa is it ek mei Josjûa, de soan fan Josadak,
dy hawwe yn har tiid in hûs boud,
in timpel ferrize litten, oan de Hear wijd.
13Ek it oantinken oan Nehemia is sterk,
dy’t de omfallene muorren wer opboud hat,
dy’t poarten en skoattels makke hat
en ús hússteden wer opboud.
Noch inkelde belangrike nammen
14Der waard net ien op ierde skepen lykas Henoch;
dy waard ommers ek opnommen fan ’e ierde.
15Ek kaam der gjin minske te wrâld lykas Joazef,
de oanfierder fan syn bruorren, de stipe fan syn folk,
syn lichem waard goed fersoarge.
16Sem en Set wienen yn eare ûnder de minsken,
en boppe alle libbene wêzens yn ’e skepping, Adam.