Echte en sabeare freonen
1Elkenien ropt: Ik bin dyn freon ek,
en dochs binne der guon dat allinne sabeare freonen binne.
2Bringt it jin gjin deadlik fertriet
as jins maat en freon yn jins fijân feroaret?
3O oanstriid ta it ferkearde, hoe bisto deryn slûpt
om it ierdryk ûnder it bedroch te setten?
4Guon freonen profitearje derfan, as men yn ’e fleur is,
mar as men yn ’t near sit, keare se har tsjin jin.
5Der binne ek freonen, dy’t net allinne har bêst dogge as it om iten te rêden is,
mar ek nei it skyld gripe as it op fjochtsjen oankomt.
6Do meist dyn freon noait ferjitte,
en ast him goeddwaan kinst, moatst it net litte.
Goede en ferkearde riejouwers
7Elke riejouwer prizet syn eigen rie oan,
mar dochs binne der guon, dy’t rie jouwe om der sels better fan te wurden.
8Nim dy te wacht foar ien dy’t dij riede wol;
gean earst ris nei, wêr’t er sels ferlet fan hat.
Hy kin ommers syn rie wol jaan om der sels better fan te wurden,
of oars docht er mar sa’t it útkomt.
9Hy seit tsjin dy: Do bist op ’e goede wei
en hy giet op in distânsje stean om te sjen hoe’t it mei dy beteart.
10Gean net te riede mei ien dy’t dy net rjocht yn ’e eagen sjocht
en hâld foar dyn kweagunders stil, watsto fan doel bist.
11Rieplachtsje in frou net oer ien dy’t mei har fan deselde man hâldt
of in leffert oer oarloch,
in keapman net oer de handel
of in keaper oer de ferkeap,
in rabber net oer tankberheid
of in ûnmeilydsumenien oer guodlikens,
in loaikert net oer hokfoar wurk ek,
of in losarbeider oer dienmeitsjen fan it wurk,
in loaie slaaf net oer in heap wurk,
doch op sokken gjin berop om wêr-dan-ek rie yn te jaan.
12Nee, hâld it mar altyd op fromme mannen,
sokken dêrsto fan witst, dat se har oan ’e geboaden hâlde,
dy’t ien fan sin mei dy binne
en dy’t mei dy meifiele, asto komst te fallen.
13Bou ek op dyn eigen ynsjoch,
want der is neat dêr’t men better op oan kin.
14Want jins eigen hert fertelt jin soms mear
as sân wachters dy’t op in toer sitte út te sjen.
15En bid boppe alles ta de Alderheechste,
dat dy dij it rjochte paad wize sil.
Echte en sabeare wysheid
16Alles wat men docht, begjint mei neitinken,
alle handeljen giet berie oan foarôf.
17Men kin neigean, dat it hert ûnderskate kanten út kin;
fjouwer dingen komme derút fuort:
18goed en kwea, libben en dea,
en dy’t dêr útslútsel oer jout, is de tonge.
19Der binne lju dy’t der slach fan hawwe om oaren te ûnderrjochtsjen
en der dochs yn har eigen libben neat fan terjochte bringe.
20Sa’n man, dy’t yn syn praat de wize úthinget, hellet him hate op ’e hals
en by einsluten komt er om fan ’e honger.
21Want hy stie by de Hear net yn ’e geunst,
sadwaande mankearde it him alhiel oan wysheid.
22Der binne ek guon, dy’t de wysheid yn har eigen libben yn praktyk bringe;
as dy útsprekke wat se oerlein hawwe, kin men dêr op oan.
23In wiis man ûnderrjochtet syn folk
en wat er úttocht hat, dêr kin men op oan.
24In wiis man wurdt heech fan opjûn,
dy’t him sjogge, stekke him yn ’e hichte.
25De dagen fan it minskelibben binne te tellen,
mar de dagen fan Israel net.
26In wize sil it fertrouwen fan syn folk winne,
syn namme libbet foar ivich fuort.
Feryt dy net
27Myn soan, hifkje dysels dyn libben lang,
gean nei wat ferkeard foar dy is, en jou der net oan ta;
28want net alles is goed foar elk
en net elkenien befynt him oeral goed by.
29Feryt dy net oan alles wat lekker is
en gean net oer de skreef by it iten.
30Fan folle iten wurdt men siik,
fan oerdied krijt men krampen.
31Fan oerdiedich iten binne gâns lju stoarn,
dy’t dêr op past, makket dat er langer libbet.