Gebed om ferlossingfoar Israel
1Haw begrutsjen mei ús, Hear, God fan alles, sjoch ús oan
en bring oer alle folken it ûntsach foar Jo.
2Underhelje de hân tsjin ’e frjemde folken
en lit har jo macht sjen.
3Lykas hja sjoen hawwe, hoe’t Jo jo hillichheid oan ús bewiisd hawwe,
lit ús sa sjen, hoe’t Jo jo majesteit oan harren bewize.
4Lit har leare, lykas wy it ek leard hawwe,
dat der gjin God is bûten Jo, o Hear.
5Jou nije tekens en oare wûnders,
soargje dat se by jo hân en jo rjochterearm opsjogge.
6Lit jo grime wekker wurde en jo grammoedigens útstoart wurde,
ferneatigje de tsjinstanner, roegje de fijân út.
7Koart de tiid yn en tink oan ’e eed,
lit jo grutte dieden ferhelle wurde.
8Lit him dy’t ûntkomt, fertard wurde troch jo lôgjende grime
en lit de ferdrukkers fan it folk de ûndergong temjitte gean.
9Ferbrizelje de oanfierders fan ús fijannen de holle,
dy’t sizze: Der is neat bûten ús.
10Helje alle stammen fan Jakob byinoar
en partsje harren it erfdiel ta lykas by âlds.
11Haw begrutsjen mei it folk, Hear, dat nei Jo neamd is,
Israel, dat Jo it plak fan earstlingssoan jûn hawwe.
12Untfermje Jo oer jo hillige stêd,
Jeruzalem, it plak dêr’t Jo wenje woenen.
13Meitsje Sion fol fan lof fanwegen jo deugden,
en jo folk fan jo hearlikheid.
14Erken harren dy’t fan it oanbegjin ôf jo skepsels west hawwe
en folbring wat yn jo namme foarsein is.
15Beleanje harren dy’t op Jo wachtsje,
meitsje it wurd fan ’e profeten wier.
16Ferhear, o Hear, it gebed fan dy’t om Jo smeekje
neffens de segen dy’t Aäron oer jo folk útsprutsen hat,
17en allegearre dy’t op ’e ierde binne, sille witte
dat Jo de Hear binne, de ivige God.
Hâld goed en ferkeard út inoar
18De mage nimt alle iten,
mar dêrom is alle iten noch net like goed.
19De tonge ken it wyld derút oan ’e smaak,
sa ken in ferstannige geast de leagens derút.
20Fan in ferkearde geast komt fertriet,
mar in man mei ûnderfining sil it him ferjilde.
Wat in goede frou wurdich is
21In frou nimt elke man foar leaf,
mar in man hat de iene frou leaver as de oare.
22In moaie frou makket jins gesicht blier,
der is neat dêr’t in minske sa nei útsjocht.
23As se freonlik en aardich prate kin,
is har man de lokkichste fan alle minsken.
24Dy’t in frou besette kin, is al op wei om ryk te wurden,
hy hat in help krige, in pylder dêr’t er op steune kin.
25Dêr’t gjin ôffreding is, wurdt it besit útinoar skuord;
en dêr’t gjin frou is, swalket de man suchtsjend om.
26Wa sil in suterige rover fertrouwe
dy’t fan ’e iene stêd nei de oare fljocht?
27Sa giet it ek mei in man dy’t gjin thús hat
en sliepe moat, dêr’t er benachte rekket.