Hoe’t men dan wòl offerje moat
Dy’t him oan ’e wet hâldt, bringt trou syn offers,
dy’t om ’e geboaden tinkt, bringt in tankoffer.
Dy’t goed mei goed ferjildt, bringt in moaloffer,
dy’t de earmen wat jout, bringt in lofoffer.
Troch it kwea te mijen kin men it de Hear nei ’t sin dwaan,
troch it ferkearde te mijen kin men fersoening bewurkje.
Ferskyn net mei lege hannen foar de Hear;
bring al dyn offers om’t it dy oplein is.
It offer fan in rjochtfeardige makket it alter fet,
de rook dêrfan stiicht op nei de Allerheechste.
It offer fan in rjochtfeardige is wolkom,
syn oantinken giet net ferlern.
Wês goederjousk by de earetsjinst fan ’e Hear
en hâld fan ’e earste opbringst fan dyn arbeidzjen neat benefter.
Set by alle offerjeften in fleurich gesicht
en wij dyn tsienden mei in goed sin.
Jou de Allerheechste sa’t Er dy ek jûn hat,
goederjousk, al neist misse kinst.
Want de Hear is it, dy’t ferjildt;
Hy sil dy sândûbeld ferjilde.
God komt foar de ellindigen op
Besykje Him net om te keapjen, want dêr giet Er net op yn,
en fertrou net op in ûnrjochtfeardich offer;
Want de Hear is in Rjochter,
en Hy lûkt net ien foar.
Hy kiest gjin partij tsjin ’e earme
en Hy heart it gebed fan ien dy’t ûnrjocht oandien is.
Hy lit de wees net om ’e nocht bidde,
of de widdo mei har floed fan wurden.
Skriemt de widdo har net oan wetter
en raast se it net út tsjin him dy’t har dat oandien hat?
Dy’t God tsjinnet, wurdt mei nocht oannommen,
syn gebed rikt oan ’e wolkens ta.
It gebed fan ’e nederige giet troch de wolkens hinne
en hy fynt gjin treast, ear’t it te plak kommen is;
hy hâldt der net mei op, ear’t de Allerheechste nei him omsjoen hat
en de rjochtfeardigen oardiele en rjocht dien hat.
De Hear lit de saak net op syn berin
en Hy hat gjin moederaasje mei lju dy’t net doge,
oant Er harren de heupe brekt dy’t gjin begrutsjen mei oaren hawwe,
en dat Er de heidenfolken har fertsjinne lean jout,
oant Er it leger fan ’e grutske lju útroege hat
en de macht fan ’e ûnrjochtfeardigen brutsen,
oant Er de minske beleannet neffens wat er dien hat
en it wurk fan ’e minsken neffens har bedoelingen,
oant Er syn folk rjocht dien hat
en harren bliid makke mei syn erbarmen.
Syn erbarmjen komt op ’e tiid, krekt op it stuit dat men it krap hat,
lykas reinwolken yn tiden fan droechte.