Dreamen binne bedroch
In ûnferstannigen lit him ferrifelje troch ferwachtingen sûnder grûn,
dwazen litte har oerstjoer meitsje troch har dreamen.
As ien dy’t it skaad beetpakke wol of de wyn achterneisit,
sa is immen dy’t op dreamen te seil giet.
Wat men yn dreamen sjocht, is mar in spegelbyld fan it besteande
lykas de ôfbylding fan in gesicht net it gesicht sels is.
Wat wurdt skjin troch smoargens
en wat wurdt wier troch leagen?
Wiersizzerij, pielen mei foartekens en dreamen, it is allegearre bedroch,
men hellet jin fan alles yn ’e holle, as in frou dy’t de fleagen hat.
As se net stjoerd binne fan ’e Allerheechste, dy’t nei dy omsjocht,
slach der gjin acht op.
Gâns lju binne troch dreamen op ’e doele rekke,
se binne raar te pal kommen om’t se dêr op bouden.
Sûnder sok bedroch kin men de wet ek wol folbringe
en wysheid yn ’e mûle fan in betrouber minske, dêr hoecht neat mear by.
Troch ûnderfining wurdt men wiis
In bereizge man wit in soad,
en in man mei ûnderfining wit wêr’t er it oer hat.
Dy’t gjin ûnderfining hat, wit mar in bytsje,
mar ien dy’t bereizge is, wurdt stadichoan in redsum man.
Ik haw op myn reizen hiel wat sjoen,
ik haw der mear fan leard as ik sizze kin.
Faker as ienris haw ik yn deadsgefaar west,
mar hjirtroch haw ik it libben der ôfrêden;
dy’t de Hear foar eagen hâlde, sille libje,
want dy meie hoopje op Him dy’t har rêdt.
Dy’t de Hear foar eagen hâldt, hoecht net benaud te wêzen,
hy lit de moedfearren net hingje, want hy hopet op ’e Hear.
Wat is hy lokkich, dy’t de Hear foar eagen hâldt!
Wêr steunt er op? Wat is syn stipe?
De Hear hâldt de wacht oer har dy’t Him leafhawwe,
in machtich skyld en in sterke stipe,
in skûle foar de woestynwyn en foar de gleonens fan ’e middei,
dy’t him bewarret foar stroffeljen en him bystiet dat er net falt.
Hy makket him it herte blier en de eagen ljocht,
Hy jout him betterskip, libben en segen.
Earetsjinst hat gjin doel, as it libben der net neffens is
It offerjen fan dingen dêr’t men net earlik oan kommen is, is te lekjen,
de jeften fan ferkearde lju binne net wolkom.
De Allerheechste hat neat op mei offers fan dogeneaten,
it is net sa dat Hy de sûnden wol ferjout, as men mar wakker offeret.
As ien dy’t de soan deaslacht foar syn heite eagen,
sa is ien dy’t offers bringt fan it jild fan ’e earmen.
In sober stikje brea is it libben foar de earmen,
dy’t har dat ûntkrijt is in moardner.
Dy’t de neiste syn iten ûntkrijt, fermoardet him;
dy’t syn arbeider it lean ûntkeart, slacht him dea.
De iene bout, de oare brekt ôf,
en wat bedije se der oars mei as dat se stûf arbeidzje moatte?
De iene segent, de oare ferflokt,
wa fan beiden sil de Hear ferhearre?
Dy’t him suvere hat fan it oanreitsjen fan in deade en hy komt der opnij oan,
wat jout him it waskjen?
Sa is it mei in man dy’t festet foar syn sûnden
en hy giet hinne en docht itselde wer,
wa sil syn gebed ferhearre?
Wat jout it him, dat er him fernedere hat?