Wurdearring foar dokter en apteker
1Earje de dokter sa’t it heart, neffens syn tsjinsten,
want him hat de Hear ek skepen.
2Fan ’e Allerheechste komt de betterskip,
fan ’e kening krijt men in geskink.
3De kunde fan ’e dokter jout him oansjen,
de hegerein sjocht wakker by him op.
4De Hear hat de krûden út ’e ierde skepen,
dy’t ferstannich is, ferachtet se net.
5Waard der gjin wetter swiet makke mei hout,
om Gods macht bekend te meitsjen?
6Hy hat sels de minsken it ferstân jûn
dat se Him ferhearlikje soenen om syn wûnderwurken.
7Dêr makket Er har better mei en ferlichtet har pine.
De apteker makket der in mingsel fan.
8Oan syn dieden komt gjin ein,
oer de hiele ierde ferspraat Er sûnens.
Men moat bidde om betterskip
9Myn soan, ast siik bist, lit dan net nei
te bidden ta de Hear, en Hy sil dy bettermeitsje.
10Hâld op mei kweadwaan en betterje dyn libben,
suverje dyn hert fan alle sûnde,
11jou swietrook en in tinkoffer fan moal
en doch oalje oer it offer as gong it om it libben.
12Mar rop dokter ek, want him hat de Hear ek skepen,
lit him net by dy weigean, want do hast him nedich.
13Der komt in tiid dat hy it yn hannen hat om dy better te meitsjen.
14Sels bidde se ommers ek ta de Hear,
dat dy it harren jout, de pine te ferlichtsjen
en de betterskip, de geunst om de sike yn it libben te hâlden.
15Dy’t sûndige hat foar syn Skepper oer
moat mar yn doktershannen falle.
Rouwe en fertreasting
16Myn soan, stoart triennen om in deade
en set in treursang yn om in grut fertriet.
Beklaai him neffens de gewoante
en soargje goed foar de begraffenis.
17Skriem bitter en treurje fan herten,
nim de rou yn acht, sa’t de deade fertsjinnet,
ien dei, of oars twa dagen, om ferwyt foar te kommen,
en lit dy dan treaste yn dyn fertriet.
18Want fan fertriet kin in minske wol stjerre,
troch hertsear wurde jins krêften brutsen.
19Ek nei it opdragen bliuwt noch it fertriet,
mar altyd yn earmoed te libjen is net út te hâlden.
20Jou dy net oer oan it fertriet,
set it fan dy ôf en tink oan dyn eigen libbensein.
21Tink der wol om: der is gjin werom!
do helpst de ferstoarne der net mei, en do komst dysels tenei.
22Tink om myn oardiel, dat dines krektlyk wêze sil:
hjoed ik en moarn do.
23As de deade rêst is, lit dan syn oantinken ek rêste,
lit dy treaste sagau’t de siken derút binne.
In boer moat boer bliuwe
24In skriftgelearde komt oan syn wysheid trochdat er syn frije tiid goed brûkt,
en dy’t gjin oar affearen hat, wurdt wiis.
25Hoe sil ien wiis wurde, dy’t de ploege bestjoert,
dy’t grut is op syn puntstok,
dy’t de oksen driuwt en mei har wurk besteld is
en oars gjin praat hat as oer fee?
26Hy hat oars gjin prakkesaasjes as oer it meitsjen fan fuorgen,
hy brekt de sliep om syn hokkelingen te fuorjen.
27Krektlyk is it mei alle timmerlju en timmerbazen,
dy’t nacht en dei trocharbeidzje;
en ek mei guon dy’t gravearingen oanbringe op segelringen,
har geduld om der ferskaat yn te bringen;
se lizze har dêrop út, in lykjend portret te krijen
en brekke de sliep om har wurk dien te krijen.
28Krektlyk is it mei de smid by it ambyld,
hy tinkt derom wat it izer docht.
Troch de walm fan it fjoer ferskronfelet syn lichem,
yn ’e waarmte fan ’e oven striidt er syn striid.
Fan it droanen fan ’e hammer wurde syn earen doof
hy hâldt it each op it foarbyld dêr’t er neffens te wurk giet.
Hy leit him derop út, syn wurk dien te meitsjen,
hy brekt de sliep om it sûnder wryt of slyt foarinoar te krijen.
29Krektlyk is it mei de pottebakker by syn wurk,
dy’t de skiif mei de fuotten oan it draaien bringt,
dy sit altyd yn noed oer syn wurk,
mei syn hiele bedriuw draait it om it tal.
30Hy bewurket de klaai mei de earmen,
mei de fuotten makket er it hânsum,
hy leit him derop út, it glazuerjen dien te krijen
en hy brekt de sliep om de oven skjin te meitsjen.
31Dy allegearre fertrouwe op har hannen,
en elk is kundich yn syn eigen fak;
32sûnder harren wurdt gjin stêd boud,
net ien soe dêrhinne wolle te wenjen of as gast;
33[mar yn ’e folksgearkomste wurdt der net nei har frege]
en yn ’e byienkomst bringe se it net fier.
Op ’e stoel fan ’e rjochter sille se net sitte,
se ha der gjin ferstân fan, hoe’t rjochtsprekken yn syn wurk giet.
34Se sille gjin tucht en oardiel oan it ljocht bringe,
dêr’t spreuken betocht wurde, fynt men se net.
En dochs hâlde se dizze skepene wrâld yn wêzen
en har gebed is foar har deistich wurk.