1Wat is in man gelokkich as er in goede frou hat!
Syn libben duorret dûbeld sa lang.
2In man fleuret derfan op, as er in flinke frou hat,
hy bringt syn jierren yn frede troch.
3In goede frou is in skoander geskink,
dat jûn wurdt oan harren dy’t de Hear foar eagen hâlde.
4Oft se no ryk is of earm, altyd hat se in goed sin,
altyd sjocht se like blier.
5Trije dingen bin ik benaud foar,
en fanwegen it fjirde haw ik bidden:
rabberij yn in stêd, in oprin fan folk
en kwealaster, allegearre slimmer as de dea.
6Oarsaak fan hertsear en fertriet is in frou dy’t oergeunstich is op in oaren,
en in skerpe tonge dy’t tsjin elkenien rattelt.
7In kweade frou is as in jok dat hinne-en-wer slingeret,
dy’t har de baas wurde wol is as ien dy’t in skorpioen oanpakt.
8In frou dy’t oan ’e drank is jout gâns argewaasje,
se hâldt har skamte net bedutsen.
9De ûntuchtigens sjocht sa’n frou de eagen út,
har eachopslach ferret hjar.
10Hâld dyn dochter goed onder de kwint as se net om lyk wol,
want oars makket se misbrûk fan dyn ynskiklikens.
11Nim dy te wacht as se skamteleas sjocht,
en ferbaas dy der net oer as se net om dyn sizzen jout.
12Sa’t in toarstige reizger op it earste it bêste wetter de mûle set
en dêrfan drinkt, sa giet se omlizzen foar elke peal
en set har pylkkoker iepen foar elke pylk.
13De bekoarlikheid fan in frou is in nocht foar har man,
en har ferstannigens makket him glânzich.
14In stille frou is in jefte fan de Hear,
in frou dy’t goed opbrocht is, is mei gjin jild te beteljen.
15In ynbannige frou is in dûbelde geunst,
der is neat dat opweacht tsjin har ynbannigens.
16As de sinne dy’t opgiet oan ’e himel fan ’e Hear,
sa moai is in frou yn hat goed ûnderhâlden húshâlding.
17As in lampe dy’t brânt op in hillige ljochter,
sa is in moai gesicht op in feardige lea.
18Goudene pylders op sulveren ûnderstikken,
sa binne moai foarme skonken op stevige ankels. [ 19-27]
Rjochtfeardichheid
28Twa dingen haw ik fertriet oer,
it tredde rint my de galle fan oer:
in kriichsman dy’t ta earmoed ferfalt,
wize mannen as se ferspuid wurde,
in rjochtfeardige dy’t letter ta sûnde ferfalt;
de Hear sil him op it skafot bringe.
29In keapman ûntkomt der amper oan, him te misgean,
in sutelder kin men net frijsprekke fan sûnde.