1Mannichien hat sûndige om der better fan te wurden,
dy’t graach ryk wurde wol, sjocht net sa krekt,
2Sa’t in spiker fêstslein wurdt yn ’e foegen tusken de stiennen,
sa kringt tusken ferkeaper en keaper de sûnde yn.
3Dy’t fertsjinst makke sûnder yn alles de Hear foar eagen te hâlden,
dy syn hûs sil mei gauwens ferrinnewearre wurde.
4Skodzje in souwe, it túch bliuwt derop lizzen,
riddenearje mei in minske, it smoarge komt boppe.
5It wurk fan ’e pottebakker wurdt keurd as it yn ’e oven komt,
in minske wurdt keurd troch it petear dat men mei him hat.
6It fakmanskip fan ’e kweker ken men oan ’e frucht fan ’e beam,
sa ek it aard fan in minske oan ’e gedachten dy’t er uteret.
7Priizje in man net, earst him praten heard hast,
want dêr kin men de minsken oan.
8Ast op rjochtfeardichheid út bist, silst dy krije,
en har oandwaan as pronkklean.
9Fûgels nestelje by har gelikens,
sa jout de wierheid har del by lju dy’t dernei dogge.
10In liuw loert op bút,
sa loert de sûnde op ’e kweadoggers.
11It petear fan ’e fromme is altyd wysheid,
mar de ûnferstannige is hinne-en-wer as de wyn.
12Tink om ’e tiid yn it selskip fan dwazen,
mar bliuw yn it selskip fan ferstannige lju lang sitten.
13It petear fan dwazen jout argewaasje,
se laitsje yn sûndige bluisterigens.
14It opsprekken fan ien dy’t mar raak swart, giet jin de grize fan oer de grouwe,
as sokken deilis binne, hâldt in oar de hannen foar de earen.
15Deilisskip fan grutske lju rint op bloedferjitten út,
har rachen en skellen is aaklik om oan te hearren.
Oer it bewarjen fan geheimen
16Dy’t geheimen útbringt, rekket it fertrouwen kwyt,
hy sil noait in fertroude freon fine.
17Haw dyn freon leaf en bliuw him trou;
mar ast syn geheimen útbringst, bliuw him dan mar út ’e wei.
18Want lykas in minske syn fijân de deastek jout,
sa hasto de freonskip mei dyn neiste de deastek jûn.
19Lykasto in fûgel út dyn hân fleane litten hast,
sa bisto dyn neiste kwyt en do kinst him net wer krije.
20Rin him net achternei; want hy is fier fuort,
hy is dy ûntkommen as in gazelle oan ’e strûp.
21Want in wûne kin ferbûn wurde,
in mislediging ferjûn,
mar dy’t geheimen útbrocht hat, kin de hoop wol farre litte.
Minsken dêr’t men net op oan kin
22Ien dy’t knypeaget, hat wat ferkeards yn ’t sin,
net ien kin him dêrfan ôfbringe.
23Ast der by bist, spilet er tuike-tuike,
dyn wurden kin er net oer út;
mar letter tapet er út in oar fet
en hy fangt dy op dyn eigen wurden.
24Ik haatsje gâns dingen, mar sa’n man aldermeast
en de Hear hatet sa’n ien ek.
25Dy’t in stien yn ’e hichte smyt, krijt him sels op ’e holle
en in ferriederlike klap makket wûnen iepen.
26Dy’t in gat graaft foar in oar, falt der sels yn
en dy’t in strûp set, rekket der sels yn fêst.
27It kwea dat men docht, komt op jinsels werom,
en men wit net wêr’t it wei komt.
28In grutskenien docht mei oan bespotting en mislediging,
mar de straf loert op him as in liuw.
29Dy’t wille hawwe om ’e fal fan frommen, reitsje grif yn in strûp
al foar har dea fergeane se fan fertriet.
Meitsje gjin spul
30Wrok en lilkens, dy binne ek om fan te grizen
en in sûnder stiet der samar mei klear.