Spreuken
Trije dingen binne my wolgefallich,
dy binne de Hear en de minsken wolgefallich:
ienriedichheid tusken bruorren, leafde foar de neiste,
en dat man en frou goed mei-inoar kinne.
Tredderlei slach minsken haw ik in ôfgriis fan,
ja, har bestean is my slim yn ’e wei;
in earme dy’t grutsk is, in rike dy’t jin bedraacht,
in ûntuchtich âld man dy’t net goed mei de holle is.
Hasto yn dyn jonge jierren net sparre,
hoe soest dan op ’e âlde dei wat hawwe?
Wat past it goed by grize hierren, in oardiel út te sprekken
en by âlde minsken om rie te jaan.
Wat past wysheid goed by de âlderein
en ynsjoch en goede rie by mannen fan oansjen.
De krânse fan ’e âlderein is rike ûnderfining
en har rom is it, dat se de Hear foar eagen hâlde.
Der komme my njoggen yn ’t sin, dy’t ik gelokkich neam,
ja in tsiende kin ik der noch by neame:
in man dy’t wille belibbet oan syn bern,
ien dy’t by syn libben de ûndergong fan syn fijannen sjocht.
Gelokkich is hy dy’t troud is mei in ferstannige frou
en ien dy’t gjin ûnberet wurd ûntkomt,
en ien dy’t net by in minne baas hoecht te arbeidzjen.
Gelokkich is hy dy’t wittenskip opdocht
en dêrfan fertelt oan elk dy’t it mar hearre wol.
Wat is it in baas, hy dy’t wysheid fynt;
mar hy kin net út tsjin ien dy’t de Hear foar eagen hâldt.
De Hear foar eagen te hâlden, dêr komt it foar alles op oan.
Wêr sille wy de man by fergelykje, dy’t him dêroan hâldt?
De froulju
Gjin wûnen sa slim as hertewûnen,
gjin gemienens sa slim as dy fan in frou.
Gjin tsjinstuit sa slim as dy’t jins haters jin oandogge,
gjin wraak sa slim as dy fan fijannen.
Der is gjin kop slimmer as dy fan in slange,
der is gjin lilkens slimmer as dy fan fijannen.
Ik soe noch leaver mei in liuw of in draak ûnder ien dak wenje
as mei in kwea wiif.
Gemienens feroaret it oansjen fan in frou,
makket har antlit sa noartsk as in bear.
Har man sit by de buorlju oan tafel
en kin it net litte, bitter te suchtsjen.
Alle gemienens falt wei by dy fan in frou,
it mei har fergean as in sûnder.
In âldman kin like goed by in sândûn opklimme
as dat in rêstige man it mei in rattelskûte fan in frou fine kin.
Lit dy net ferrifelje troch it kreaze uterlik fan in frou
en nim gjin frou út begearlikens.
Der komt lilkens fan, ja it is skoof en skande
as de frou de man ûnderhâlde moat.
In ferslein hert en in fertrietlik gesicht
en herteleed, dat komt fan in kweade frou;
sloppe hannen en stive knibbels,
as se har man net gelokkich makket.
By de frou is de sûnde begûn,
om har moatte wy allegearre stjerre.
Jou it wetter gjin útwei
en in minne frou gjin frij praten.
As se net by dy oan ’e hân rinne wol,
skied dan mar fan har.