Taspraak fan ’e wysheid
1De wysheid sjongt har eigen lof,
yn ’t fermidden fan har folk jout se heech fan harsels op;
2yn ’e gemeente fan ’e Allerheechste docht se de mûle iepen
en yn ’t bywêzen fan syn macht jout se heech fan harsels op:
3Ik bin út ’e mûle fan ’e Allerheechste kommen,
as in damp lei ik oer de ierde,
4ik wenne yn ’e hege himel,
myn troan wie in wolkkolom.
5Allinne bin ik de himelbôge yn ’t rûn gien
en haw ik de djipten fan ’e ôfgrûn bereizge.
6Oer de weagen fan ’e see en oer de hiele ierde
en oer alle folken en naasjes haw ik it foar ’t sizzen.
7Under dy allegearre socht ik om in rêstplak.
Yn waans gebied soe ik my nei wenjen sette?
8Doe joech de Skepper fan alle dingen my oarder,
Hy dy’t my skepen hat, soarge dat ik in fêst wenplak krige.
Hy sei: Set dy nei wenjen by Jakob,
ferbyn dy ferfêst oan Israel.
9Yn it begjin, foar alle tiden, hat Er my skepen
en ik bliuw oant yn ivichheid yn wêzen.
10Yn ’e hillige tinte haw ik foar Him de tsjinst dien,
sa rekke ik oan ’e Sion ferbûn.
11Sa joech Er my in thús yn ’e stêd dy’t Him leaf wie,
en yn Jeruzalem krige ik macht.
12Ik bewoartele yn it folk dat Er eare oandien hat,
yn Gods eigendom, myn erfdiel.
13As in sederbeam op ’e Libanon woeks ik op,
as in sypres op ’e Hermonbergen.
14As in dadelpalm yn Engêdy woeks ik op.
as roazestrûken yn Jericho,
as in prachtige olivebeam yn it iepen fjild,
ja ik woeks op as in plataan.
15Ik rûkte sa swiet as kassia en as kamieldoarn,
ik joech in like hearlike geur ôf as de bêste mirre,
as faleriaan en krûden en mirre-oalje
en as wijreekdamp yn ’e hillige tinte.
16As in terebint sprate ik myn tûken út,
en dy tûken wienen moai en leaflik.
17As in druvebeam sa prachtich rûn ik út
en fan myn blommen kaam in moaie, rike opbringst. [ 18]
19Kom by my, jimme dy’t my begeare,
en yt jim sêd oan myn fruchten.
20It oantinken oan my is swieter as hunich,
my te besitten is swieter as hunich dy’t út ’e skiif dript.
21Dy’t fan my ite, sille hieltyd wer honger hawwe,
dy’t fan my drinke sille hieltyd wer toarst krije.
22Dy’t myn sin docht, hoecht him noait te skamjen,
en dy’t om my arbeidzje, sûndigje net.
De wysheid en de wet fan Mozes
23Dat allegearre is it boek fan it ferbûn mei de alderheechste God,
de wet dy’t Mozes ús foarskreaun hat,
it erfdiel fan Jakobs gemeenten. [ 24]
25De wet streamt as de Pison oer fan wysheid,
en as de Tigris yn ’e tiid fan ’e nije fruchten.
26Hja jout, oerfloedich as de Eufraat, ynsjoch,
as de Jordaan yn ’e tiid fan ’e rispinge.
27Hja lit har tucht skine as in ljocht,
as de Gihon yn ’e tiid dat de frucht ynhelle wurdt.
28De minsken wienen net by machte om har te ferstean,
fan ’e earste oant de lêste hawwe se har net neigean kinnen.
29Want har gedachten binne wider as de see,
en har bedoeling is djipper as de ôfgrûn.
30En ik bin in sleat yn ferbining mei de rivier,
in wetteroanfier dy’t yn in park útkomt.
31Ik sei: Ik sil myn tún befloeie
en myn blombêd wetter jaan.
Mar sjoch, doe waard my dy sleat in rivier
en myn rivier waard in see.
32Ik sil de kennis wer ljochtsje litte as de moarnsdage,
har skine litte, dat men it wit-wêr sjocht.
33Ik sil learing útjitte as profetewurden
en dy neilitte oan ’e fierste neiteam ta.
34Wier, ik haw net allinne ta myn eigen foardiel arbeide,
mar foar allegearre dy’t wysheid begeare.