De loaikert
1In loaikert liket op in stien dy’t bekladde is,
elk hunet him om syn skande.
2In loaikert liket op dong op ’e rûchskerne;
elk dy’t soks opkrijt, skoddet de hân ôf.
Bern dy’t net doge wolle
3It is in skande foar in heit, as er in soan krijt dy’t net oppasse wol,
en sa’n dochter is foar him in fernedering.
4In ferstannige dochter sil ek in man krije dy’t by har past,
mar ien dy’t him te skande makket, is in fertriet foar har heit.
5In oerdwealsk frommes makket har heit en mem te skande,
net ien fan beiden dy’t wat fan har witte wol.
6Praat dat net fan pas komt, is as feestmuzyk yn tiden fan rou,
mar út swypslaggen en tucht docht altyd wysheid bliken. [ 7-8]
De wize en de dwaze
9Dy’t in dwaas wat leare wol liket op ien dy’t diggels limet,
of op ien dy’t in slieper wekker makket út in djippe sliep.
10Jo kinne likegoed in dwaas wat fertelle as ien dy’t sit te slûgjen,
yn ’t lêst freget er: Wat wie der oan?
11Treurje oer in deade, want it ljocht hat him bejûn,
mar treurje ek oer in dwaas, want it ferstân hat him bejûn.
Treurje minder oer in deade, want dy is rêst,
mar fan in dwaas is it libben slimmer as de dea.
12Oer in deade rouwet men sân dagen,
mar oer in dwaas, in goddeleaze, alle dagen fan syn libben.
13Praat net lang mei in ûnferstannich minske,
sykje de dwaas net op;
pas op foar him, datsto gjin lêst krijst
en datst net smoarch wurdst troch wat hy fan him ôfskoddet.
Gean him út ’e wei, dan silst it rêstich hawwe,
dan hoechst gjin argewaasje te hawwen fan syn ûnferstân.
14Wat is swierder as lead?
Wat namme past him better as: dwaas?
15Sân en sâlt en in klompe izer
binne makliker te dragen as in dom minske.
16In houten byntwurk dat it hûs yn ferbân hâldt,
lit ek by in orkaan net los;
krektlyk sil in hert, dat nei ryp berie fêst besletten is,
net bang wêze as ’t derop oankomt.
17In hert dat steunt op ferstannich oerlis
is as sierlik pleisterwurk op in glêde muorre.
18In sket dat boppe op in heuvel stiet
hâldt it net út tsjin ’e wyn;
krektlyk is it mei it hert dat bang is troch dwaas betinken,
dat hâldt it net út tsjin ’e skrik.
It behâld fan ’e freonskip
19Ast it each sear dochst, springe der triennen út,
ast it hert sear dochst, komst oan it gefoel.
20Dy’t fûgels mei in stien smyt, jaget se fuort,
dy’t syn freon ferwiten docht, makket de freonskip stikken.
21Asto it swurd tsjin dyn freon lutsen hast
hoechst de moed noch net te ferliezen, want der is in paad werom.
22Asto in grutte mûle tsjin dyn freon opset hast,
haw mar gjin soarch, want it kin wer goedmakke wurde;
mar ferwiten, in heechhertige bejegening, it ferrieden fan in geheim en in oanfal yn ’e rêch,
dêr sil elke freon foar útnaaie.
23Win it fertrouwen fan dyn freon as er earm is,
dan kinst dy mei him sêd ite yn syn goede dagen;
bliuw by him as er it krap hat,
dan kinst mei him diele as er in erfenis krijt.
24Walm en reek fan ’e oven gean foar it fjoer út;
lyksa misledigingen foar bloedferjitten.
25Ik sil my net skamje om in freon te beskermjen,
ik sil my foar him net beside hâlde,
26en as my wat oerkomt troch him,
sil elk dy’t it heart, foar him oppasse.
Hear, bewarje my foar it kwea
27Wa set my in wacht foar de mûle
en wa leit my in segel fan fernimstigens op ’e lippen,
dat ik dêr net oer stroffelje
dat de tonge my de ûndergong docht?