Pas op foar de sûnde
1Myn soan, hasto sûndige? Gean der net mei troch
en bid fanwegen de sûnden dyst al dien hast.
2Gean op ’e rin foar de sûnde as hiest in slange sjoen,
want ast der ticht by komst, byt er dy.
Syn tosken bliuwe liuwetosken
dy’t de minsken it libben benimme.
3Alle ûngerjochtichheid is as in twasnedich swurd,
foar de wûne dy’t dêrmei tabrocht wurdt is gjin betterskip.
4Skrik en oermoed boarje de rike yn ’e grûn;
sa wurdt it hûs fan in grutskenien ta in púnfal.
5It gebed fan ’e earme wurdt fuortdaliks ferheard
en mei gauwens sil hy syn rjocht krije.
6Dy’t gjin terjochtwizingen ferneare kin, stiet al yn it spoar fan in sûnder,
mar dy’t de Hear foar eagen hâldt, bekeart him fan herten.
7In man fan it wurd is rûnom bekend,
mar in ferstannich man wit wol, wannear’t er stroffelt.
8Dy’t syn hûs bout mei oarmans jild
is lykas ien dy’t syn stiennen opgarret foar de winter.
9In gearkomste fan sûnders is as in bult flaaks
dy’t ornearre is om yn flammen op te gean.
10De wei fan ’e sûnders is fluorre mei stiennen
en dochs rint dy út op ’e grêfkûle.
Wizen en dwazen
11Dy’t de wet yn acht nimt, bliuwt baas oer syn gedachten,
dat men de Hear foar eagen hâldt, jout wysheid as bekroaning.
12Dy’t net fernimstich is, kin gjin ûnderwiis folgje,
mar der is ek in fernimstigens dêr’t oars net as bitterheid út fuortkomt.
13De kennis fan ’e wize wint oan as in wetterfloed;
syn rie is as in welle dy’t altyd rint.
14It binnenst fan in dwaas is as in krúk dy’t stikkengien is,
it kin gjin inkelde kennis mear hâlde.
15As in ferstannich man in wiis wurd heart,
is er dêr fol lof oer en hy docht syn eigen derby;
as in lichtsinnigenien it heart, dan noasket it him net
en hy smyt it fier fuort.
16It ferhaal fan in dwaas is as in lêst dy’t men meitôgje moat,
mar út ’e mûle fan in ferstannich minske heart men wat jin goeddocht.
17It wurd fan in ferstannich minske wurdt yn ’e gearkomste om frege,
en wat hy seit, wurdt goed oer neitocht.
18De wysheid fan ’e dwaas is as in hûs dat ynsakke is,
en de kennis fan ’e ûnferstannige, it binne ûntrochtochte wurden.
19Tucht is de ûnferstannige in bongel oan ’e foet,
as hânboeiens oan ’e rjochterhân.
20In dwaas skattert it út, as er laket,
in fernimstich minske sil amper súntsjes glimkje.
21Tucht is foar in ferstannich minske as in gouden sieraad,
as in earmbân oan ’e rjochterhân.
22In dwaas rint hastich yn ’e hûs,
ien dy’t wit hoe’t it heart, hâldt him fatsoenlik op in distânsje.
23In ûnferstân sjocht by de doar wei yn ’e hûs op,
in man dy’t goed opbrocht is, bliuwt bûtendoar stean.
24It is ûnfatsoenlik, as men oan ’e doar stiet te harkjen,
in ferstannich minske soe him derfoar skamje.
25Sokke ûnfatsoenlike lju prate de wurden fan oaren nei,
mar de wize weacht syn wurden op ’e skealjes.
26De dwazen hawwe it hert op ’e tonge,
de wizen sizze allinne wat se miene.
27As in goddeleaze syn tsjinstanners ferflokt,
ferflokt er himsels.
28De rabber makket himsels swart,
de lju om him hinne meie him net lije.