1O Hear, Heit en Hearsker oer myn libben,
jou my net oer oan har oanslaggen,
lit my net oer harren stroffelje.
2Wa sil de swipe oer myn gedachten helje
en myn hert ûnder de tucht fan ’e wysheid bringe,
dat se myn domme setten net sparje
en harren sûnden net gewurde litte,
3dat ik net noch folle mear misslaggen doch
en noch namste faker sûndigje,
dat ik net kom te stroffeljen foar myn tsjinstanners
en myn fijân wille om my hat?
4Hear, Heit en God fan myn libben,
jou dat myn eagen net heechmoedich om har hinne sjogge,
5en nim de begearte by my wei;
6lit roppigens en lust my net de baas wurde,
jou my net oer oan in skamteleas sin.
Pas op dyn wurden
7Harkje dernei, bern, hoe’t men jins mûle ûnder de tucht bringe moat,
dy’t dêr om tinkt, wurdt noait feroardiele.
8De sûnder wurdt fongen op syn eigen wurden,
de rabber en de heechmoedige stroffelje dêr ek oer.
9Wen dysels net oan swarren
en meitsje gjin oanwenst fan it neamen fan de Hillige.
10Lykas in slaaf dy’t men allegeduerigen yn ’e rekken hâldt
net ûntkomt oan ’e swypslaggen,
krektlyk sil ien dy’t swart en oanienwei Gods namme neamt
net frij bliuwe fan sûnde.
11In man dy’t altyd swart, sit fol ûngerjochtichheid,
de pleagen bliuwe net út syn hûs wei;
as er it net neikomt, is er skuldich,
as er der licht oerhinne giet, is er dûbeld en dwers skuldich;
hat er der samar op los sward, dan kin er net frijsprutsen wurde,
want syn hûs sil fol mei rampen wêze.
12Der is in sprekken dat gelyk stiet mei de dea,
soks mei by de neiteam fan Jakob net foarkomme,
want de frommen wolle fan al dy dingen neat witte;
en yn sûnden fertiizje dy har net.
13Wen dyn mûle net oan smoarch, plat praat,
want dan soest sûndige wurden sprekke.
14Tink oan jimme heit en mem,
ast mei de gruttelju gearsitst,
datst yn har bywêzen dysels net ferjitst
en dy oanstelst as in dwaas.
Dan soest wol wolle datst mar net berne wiest,
en de dei fan dyn berte ferflokke.
15Ien dy’t him went oan smoarge taal
dy wurdt noait fan syn libbensdagen in beskaafd minske.
Untrou yn it houlikslibben
16Twadderlei slach fan minsken steapelje de iene sûnde op ’e oare
en it tredde hellet him de grime op ’e hals:
17lju mei in hertstocht as in lôgjend fjoer,
it sil net útgean ear’t it útbaarnd is;
in man dy’t syn eigen lichem oerjout oan ûntucht,
hy sil net ophâlde ear’t it fjoer útbaarnd is;
in ûntuchtich minske smakket alle brea lekker,
hy krijt syn nocht net ear’t er stjert.
18In man dy’t him net by syn eigen frou hâldt,
seit by himsels: Wa sjocht my dan?
It is tsjuster om my hinne, de muorren hâlde my beskûl
en net ien sjocht my: wêr soe ik oer ynsitte?
De Allerheechste tinkt net oan myn sûnden.
19De eagen fan minsken binne in skrik foar him,
en hy beseft net dat de eagen fan ’e Hear
tsientûzen kear sa helder as de sinne
nei alles sjogge, wat de minsken dogge
en de geheimste skûlhernen opmerke.
20Eardat alles skepen waard, wie it Him al bekend,
sa is it ek noch no’t it klearkommen is.
21Sa’n ien wurdt straft op ’e strjitten fan ’e stêd,
op in plak dêr’t er der gjin euvelmoed yn hie, wurdt er pakt.
22Krektlyk is it mei in frou dy’t har man ûntrou west hat
en him opskipet mei in erfgenamt dy’t net fan him is,
23om te begjinnen hat se oerhearrich west oan ’e wet fan ’e Allerheechste,
yn it twadde plak hat se mis west tsjinoer har man,
en yn it tredde plak hat se ûntucht en huorkerij bedreaun,
en bern krige fan in oare man.
24Sels sil se foar de folksgearkomste brocht wurde
en de gefolgen komme foar har bern op.
25Har bern sille gjin woartels krije
en har tûken sille gjin fruchten drage.
26Se lit in oantinken nei, dat ferflokt wêze sil,
en har skande sil net útwiske wurde.
27Dy’t oerbliuwe, sille gewaar wurde
dat der neat better is as de Hear foar eagen te hâlden
en neat swieter as jin oan syn geboaden te hâlden.