Doch wat oaren oanstiet en net dysels
1Wy, dy’t sterk binne, moatte de swakheden fan har dy’t net sterk binne, op ús nimme en net allinne mar om ússels tinke. 2Elk fan ús moat it syn neiste nei ’t sin dwaan, ta dy syn goederbêstens en om him te sterkjen yn it leauwen. 3Want Kristus hat ek net dien wat Himsels sinnige. Mar sa’t beskreaun stiet:
De misledigingen fan har dy’t Jo misledigje
binne op my delkommen.
4Want alles dat eartiids yn ’e Skrift opskreaun is, is opskreaun om ús te learen dat wy de hope fêsthâlde soenen, troch it geduld en de bemoediging dy’t de Skriften ús jouwe. 5God, dy’t geduld en bemoediging skinkt, mei jimme ek jaan om ûnder inoar ienriedich te wêzen, neffens it foarbyld fan Kristus Jezus. 6Dan sille jimme, ien fan sin, as mei ien mûle de God en Heit fan ús Hear Jezus Kristus ferhearlikje.
It bliid boadskip is foar Joaden èn heidenen
7Nim inoar oan, sa’t Kristus jimme oannommen hat, ta eare fan God. 8Want ik sis jimme, dat Kristus in tsjinstfeint fan it Joadske folk wurden is om de beloften oan ’e foarâlden wier te meitsjen en om sa sjen te litten, dat wy op God oan kinne 9en fierder dat de heidenen God priizje moatte om syn barmhertigens, lykas beskreaun stiet:
Dêrom sil ik Jo belide ûnder de heidenen
en jo namme mei lofpsalmen priizje.
10En nochris seit de Skrift:
Wês bliid, heidenen mei syn folk.
11En wer op in oar plak:
Alle heidenen, priizje de Hear,
ja, alle folken moatte Him loovje.
12En ek Jesaja seit:
Der sil in ôfstammeling fan Jesse komme,
dy’t oerein giet om oer de heidenen te regearjen.
En op Him sille de heidenen har ferhoping hawwe.
13Mei God, dy’t hope jout, jimme sa fol meitsje fan alle bliidskip en frede yn it leauwen, dat jimme oerrinne fan hope troch de krêft fan de hillige Geast.
De sindingsopdracht fan Paulus
14Ik foar my bin derfan oertsjûge, myn bruorren, dat jimme ek sels fol fan goedens binne, fol fan alle kennisse, by steat om ek elkoar te plak te helpen. 15Dochs haw ik jimme hjir en dêr nochal skerp skreaun, om jimme ien en oar wer yn ’t sin te bringen. Ik haw dat dien op grûn fan ’e genede dy’t God my jûn hat. 16Om in tsjinstfeint fan Kristus Jezus te wêzen foar de heidenen, en om as in pryster it bliid boadskip fan God te bringen, dat sadwaande de heidenen in offer bringe meie dat God gefallich is, Him tawijd troch de hillige Geast.
17Dêr mei ik dus yn Kristus Jezus grut op gean yn tsjinst fan God. 18Want ik sil it net weagje en neam wat op, dat Kristus net troch my dien hat om de heidenen derta te krijen mei wurd en died nei it boadskip te harkjen, 19troch machtige tekens en wûnders, troch de krêft fan de Geast. En sa haw ik fan Jeruzalem oeral yn ’t rûn oan Illyrië ta it bliid boadskip oer Kristus brocht. Ik bin der klear mei kommen. 20Mar derby haw ik it my ta in eare rekkene om dat boadskip net op plakken te bringen, dêr’t se al fan Kristus heard hienen. Ik wol net bouwe op in fûnemint dat troch in oar lein is. 21Mar sa’t der beskreaun stiet:
Wa’t neat oer Him oansein wie, dy sille Him sjen,
en dy’t net fan Him heard hienen, dy sille it ferstean.
Paulus syn plan om nei Rome te reizgjen
22Sadwaande kaam der iderkear wat tusken, as ik jimme opsykje woe. 23Mar no’t ik yn dizze kontreijen gjin fjild om te arbeidzjen mear haw en ik der sûnt gâns jierren o sa’n langst nei haw om jimme ris op te sykjen, 24kin it faaks as ik nei Spanje ta gean. Want ik hoopje op myn trochreis jim op te sykjen en fan jimme help te krijen om dêrhinne te gean, nei’t ik earst in skoftke mei wille by jim west haw. 25Mar op it stuit bin ik op reis nei Jeruzalem om Gods gemeente dêr te tsjinjen. 26Want Masedoanië en Acháje hawwe it beslút nommen om in kollekte te hâlden foar de earmen ûnder Gods gemeente te Jeruzalem. 27Ja, dat beslút hawwe se út frije wil nommen, mar se binne it foar har oer ek wol ferplichte. Want as de heidenen oanpart krige hawwe yn it geastlik besit fan ’e Joaden, binne se ek wol ferplichte om harren mei har ierdsk besit te helpen. 28As ik dêr klear mei bin en harren sa de frucht fan myn wurk fersegele haw, sil ik nei Spanje ôfreizgje en ûnderweis jimme opsykje. 29Mar ik wit, dat as ik by jimme kom, ik dat mei in folle segen fan Kristus dwaan sil.
30Ik stean der by jimme op oan, bruorren, sa wier as Jezus ús Hear is en de Geast ús leafde jout: stean nêst my yn ’e striid troch foar my te bidden ta God. 31Sa mei ik bewarre bliuwe foar de ûnleauwigen yn Judéa en mei myn tsjinst oan Jeruzalem der by Gods gemeente goed ynfalle. 32Dan sil ik yn blidens nei jimme ta gean, as God it wol, en wat bekomme by jimme. 33God, dy’t frede jout, wês mei jimme allegearre. Amen.