Oardielje jimme broer net
1Ien dy’t swak is yn it leauwen moatte jimme likegoed oannimme sûnder te hottefyljen oer ferskil fan miening. 2De iene leaut dat er alles ite mei, mar dy’t swak is, yt allinne griente. 3Lit ien dy’t alles yt, net delsjen op in oar dy’t dat net docht. En lit ien dy’t net alles yt, in oar dy’t dat al docht, net feroardielje, want God hat him oannommen. 4Wa bisto, datsto oarmans feint oardielje soest? Oft er oerein bliuwt of falt, giet allinne syn eigen master oan. Mar hy sil oerein bliuwe, want de Hear hat it yn ’e macht en hâld him steande. 5De iene makket ûnderskie tusken de dagen, by in oar binne alle dagen gelyk. Lit elk folslein wis wêze yn syn eigen inerlik. 6Dy’t de iene of oare dei yn wearde hâldt, docht dat ta eare fan de Hear. Dy’t alles yt docht dat ta eare fan de Hear, want hy tanket God. Wa’t net alles yt, docht dat ek ta eare fan de Hear en hy tanket God ek. 7Net ien fan ús libbet ommers allinne mar foar himsels en net ien stjert allinne mar foar himsels. 8Want as wy libje, libje wy foar de Hear en as wy stjerre, stjerre wy foar de Hear. Oft wy no libje of stjerre, wy binne de Hear sines. 9Want dêrta is Kristus stoarn en wer libben wurden, om Hear te wêzen oer libbenen en deaden. 10Do lykwols, hoe kinst dyn broer dan oardielje? Of ek: hoe kinst op dyn broer delsjen? Want wy sille allegearre foar Gods rjochtbank ferskine moatte. 11Der stiet ommers beskreaun:
Sa wier as Ik libje, seit de Hear:
foar My sil elk knibbelje
en iderien sil God belide.
12Dus sil elk fan ús oer himsels rekkenskip jaan oan God.
Lit jimme broer net stroffelje
13Lit ús der dan mei ophâlde om inoar te oardieljen. Wês leaver fan dit betinken: jimme broer gjin oanlieding te jaan om te stroffeljen of ta sûnde te ferfallen. 14Want ik wit en bin derfan oertsjûge as ien dy’t by de Heare Jezus heart, dat neat út himsels ûnrein is. Mar foar ien dy’t mient dat it ûnrein is, foar sa’n ien is it ûnrein. 15Want as dyn broer fertriet hat troch watsto ytst, dan dochsto net mear neffens de leafde. Kristus is foar him stoarn. Bring him net yn it ferdjer troch watsto ytst. 16Jou it goede dat jim hawwe, net oan ’e kwealaster oer. 17Want it keninkryk fan God is net in saak fan iten en drinken, mar fan gerjochtichheid, frede en blydskip troch de hillige Geast. 18Wa’t Kristus sa tsjinnet, is God gefallich en stiet yn eare by de minsken.
19Lit ús dan mei ynmoed sykje nei wat de frede te’n goeden komt en wêr’t wy inoar mei sterkje kinne yn it leauwen. 20Brek net om iten it wurk fan God ôf. Wis, alles is wol rein, mar it is mis, as ien al-itende-wei in stroffelstien wurdt foar in oar. 21It is de baas om gjin fleis te iten, gjin wyn te drinken en ek fierders neat te dwaan dêr’t dyn broer oer falle kin. 22Hâld it leauwen datsto hast by dysels foar God oer fêst. Wat in gelok foar him dy’t himsels neat hoecht te ferwiten, as er in kar docht. 23Mar wa’t it net mei himsels iens is as er yt, dy is dêr al mei feroardiele, om’t er it net út it leauwen docht. En alles dat net út it leauwen fuortkomt, is sûnde.