Elkenien moat him deljaan ûnder de oerheden dy’t boppe him steane. Want der bestiet gjin oerheid dy’t net fan God komt, en de oerheden dy’t der binne, binne troch God ynsteld. Dêrom, wa’t it tsjin de oerheid yn ’e kant set, dy komt yn ’t ferset tsjin wat God ynsteld hat en wa’t dat dogge, sille in oardiel oer har helje. Want de hearskers binne der net om de lju dy’t it goede dogge, bang te meitsjen, mar dy’t it ferkearde dogge. Wolsto net bang wêze foar de oerheid? Doch dan it goede en dy sil dij priizje. Want de oerheid stiet yn tsjinst fan God foar dyn eigen bêst. Mar, asto it ferkearde dochst, wês dan bang, want hja draacht it swurd net om ’e nocht. Want hja stiet yn tsjinst fan God as in wreekster, om Gods grime te bringen oer him dy’t it ferkearde docht. Dêrom is it ek plicht en jou dy dêrûnder del, net allinnich fanwegen de straf, mar ek fanwegen it gewisse. Want dêrom betelje jim ek belesting: de hearskers dogge ommers har wurk yn tsjinst fan God en litte har ein net slûpe. Jou oan elk wat jimme him skuldich binne: belesting wa’t belesting, tol wa’t tol, ûntsach wa’t ûntsach, earbied wa’t earbied takomt.
Stean by net ien yn ’e skuld, mar haw inoar leaf. Want wa’t syn neiste leafhat, hat de wet folbrocht. Want de geboaden: do silst net troubrekke, do silst net deaslaan, do silst net stelle, do silst net begeare en wat foar oar gebod der ek wêze mei, dy wurde yn dit iene wurd gearfette: Do silst dyn neiste leafhawwe sa’st dysels leafhast. De leafde docht de neiste gjin kwea, mei leafhawwen wurdt de wet folbrocht. En dat nammerstemear om’t jimme witte hoe let oft it is. It is al tiid foar jimme om út ’e sliep wekker te wurden. Want no is it heil tichter by ús as doe’t wy ta it leauwen kamen. De nacht is hast om, it wurdt gau dei. Lit ús dêrom ophâlde mei alles dat by it tsjuster heart en lit ús it wapenreau nimme dat by it ljocht heart. Lit ús tenei ús fatsoenlik hâlde en drage, lykas by ljochtskyndei, sûnder te sûpen en te setten, sûnder wyldjeien en lossinnigens, sûnder rûzje en oergeunst. Wurd alhiel ien mei de Hear Jezus Kristus en wês jimme ferkeard aard net langer te wille om de begearten dêrfan te befredigjen.