Persoanlike groetenissen
1Ik priizje jimme ús suster Fébé oan, dy’t de gemeente yn Kenchreeën tsjinnet. 2Nim har op yn ’e namme fan de Hear, lykas dat yn ’e tsjerke heart, en stean har by yn alles dêr’t se jimme help by brek is. Want sels is se gâns minsken ta in stipe wurden, ek mysels. 3Doch de groetenis oan Priska en Aquila, myn meiwurkers yn ’e tsjinst fan Kristus Jezus. 4Se hawwe har eigen libben weage om mines te rêden. Net allinnich ik, mar alle gemeenten út ’e heidenen binne harren tank skuldich. 5Doch de groetenis ek oan ’e gemeente by har oan ’e hûs. De groetenis oan Epénetus, myn bêste freon, de earste út Asia dy’t ta Kristus kommen is. 6De groetenis oan Maria, dy’t sa foar jimme yn ’e skrep west hat. 7En oan Androníkus en Junias, myn lânslju, dy’t mei my oppakt west hawwe; se binne ferneamd ûnder de apostels en wienen al foar my kristen wurden. 8De groetenis oan Ampliátus, myn bêste freon yn de Hear. 9En oan Urbanus, ús meiwurker yn ’e tsjinst fan Kristus, en myn bêste freon Stachys. 10Oan Apelles, dy’t doe’t it derop oankaam, in kristen útmakke hat, en oan it folk fan Aristobûlus. 11Oan myn lânsman Heródion en oan ’e kristenen dy’t hearre by de húshâlding fan Narsissus. 12De groetenis oan Tryféna en Tryfóza, dy’t sa skreppe yn ’e tsjinst fan de Hear. En oan ús leave suster Persis, dy’t sa warber west hat yn tsjinst fan de Hear. 13Oan Rûfus, dy treflike kristen, en oan syn mem – dy’t foar my ek as in mem west hat. 14Oan Asynkritus, Flegon, Hermes, Patrobas, Hermas en de kristenbruorren dy’t by harren binne. 15De groetenis oan Filólogus en Julia, oan Neareus en syn suster, oan Olympas en alle hilligen dy’t by harren binne. 16Groetsje inoar mei de fredegroet. Alle gemeenten fan Kristus dogge jimme de groetenis.
17Mar ik fermoanje jimme, bruorren, om jimme te wacht te nimmen foar de lju dy’t spul sykje en oaren ta sûnde ferliede, yn striid mei alles dat jimme bybrocht is. Gean harren út ’e wei. 18Want sokken tsjinje ús Hear Kristus net, mar har eigen begearten. Mei al har moaie praatsjes ferrifelje se de lju dy’t nearne gjin euvelmoed yn hawwe. 19Want elkenien hat derfan heard, dat jimme harkje wolle nei Gods wurd. Dat sadwaande bin ik bliid om jimme. Want sa wol ik jimme hawwe: wiis yn it goede en net bedoarn troch it kweade. 20God, dy’t frede jout, sil mei gauwens de Satan ûnder jimme fuotten ferwâdzje. De genede fan ús Hear Jezus wês mei jimme.
21Timóteüs, myn meiwurker, docht jimme de groetenis en Lucius, Jason en Sosípater, myn lânslju. 22Ik, Tertius, dy’t dizze brief opskreaun haw, doch jimme de groetenis yn de Hear. 23De groetenis fan Gajus, myn gasthear en dy fan ’e hiele gemeente. En fan Erastus, de stêdsûntfanger, en fan ús broer Quartus. 24De genede fan ús Hear Jezus Kristus wês mei jim allegearre.
Lofprizing
25Lof oan God! Hy hat it yn ’e macht en fersterkje jimme yn it leauwen. Sa haw ik it bliid boadskip brocht en Jezus Kristus ferkundige. Sa seit it de iepenbiering fan it geheim dat ieuwenlang ferswijd wie, 26mar no oan it ljocht brocht en troch de skriften fan ’e profeten bekend makke is oan alle folken. Dat wie de opdracht fan de ivige God; sa woe Er har bringe ta harkjen en leauwen. 27Him, de iennichst wize God, mei troch Jezus Kristus de gloarje wêze, oant yn ivichheid. Amen.