Gods bern krije in teken op ’e foarholle
1Dêrnei seach ik fjouwer ingels op ’e fjouwer hoeken fan ’e ierde stean, dy hâlden de fjouwer winen fan ’e ierde yn betwang, dat der gjin wyn waaie soe op it lân of op ’e see of tsjin wat foar beam ek. 2Doe seach ik in oare ingel opstigen fan it plak ôf dêr’t de sinne opkomt, mei it segel fan ’e libbene God en hy rôp lûd tsjin de fjouwer ingels dy’t permisje hienen om de ierde en de see te tramtearjen: 3Tramtearje de ierde of de see of de beammen net, ear’t wy de feinten fan God it segel op ’e foarholle set hawwe.
4Ik hearde hoefolle’t der fersegele wienen, 144.000 dy’t fersegele wienen út alle stammen fan it folk Israel: 512.000 fersegelen út ’e stam Juda, 12.000 út ’e stam Rûben, 12.000 út ’e stam Gad, 612.000 út ’e stam Azer, 12.000 út ’e stam Naftaly, 12.000 út ’e stam Manasse, 712.000 út ’e stam Simeön, 12.000 út ’e stam Levy, 12.000 út ’e stam Issaskar, 812.000 út ’e stam Sebûlon, 12.000 út ’e stam Joazef, 12.000 út ’e stam Benjamin, dy’t fersegele wienen.
De mannichte ferlosten
9Dêrnei ferskynde foar myn eagen in grutte smite folk, dy’t net ien telle koe, út alle folken, stammen, naasjes fan alderhanne taal – dy stienen foar de troane en foar it Laam, mei wite klean oan en mei palmtûken yn ’e hân, 10en dy rôpen lûd:
It heil komt fan ús God, dy’t op ’e troane sit
en fan it Laam.
11Alle ingels stienen om ’e troane hinne en om de âldsten en de fjouwer libbene wêzens en hja foelen foar de troane mei it gesicht op ’e grûn en ferearen God 12mei dizze wurden:
Wiswier, de lof, de hearlikheid, de wysheid, de tanksizzing,
de eare en de macht en de krêft
komme ús God ta yn alle ivichheid.
Amen.
13Doe spriek ien fan ’e âldsten my sa oan: Dy lju mei har wite kleden om, wa binne dat en wêr komme se wei? 14Ik antwurde: Myn hear, dat witte jò. Doe sei er tsjin my: Dat binne dy’t út ’e grutte benearing komme en har kleden wosken en wyt makke hawwe yn it bloed fan it Laam. 15Dêrom steane se foar de troane fan God en tsjinje Him by nacht en by dei yn syn timpel en Hy dy’t op ’e troane sit, sil altyd om har hinne wêze. 16Se sille gjin honger of toarst mear hawwe en der sil gjin sinnegloede noch watfoar gleonens ek op har falle, 17want it Laam dat midden op ’e troane stiet, sil harren weidzje en harren it paad wize nei de wetterboarnen fan it libben; ja, God sil har alle triennen út ’e eagen feie.