Iepenbiering 6
De earste fjouwer segels wurde iepenbrutsen; fjouwer ruters
1Doe’t yn myn fizioen it Laam ien fan ’e sân segels iepenbriek, hearde ik ien fan ’e fjouwer libbene wêzens roppen mei in lûd as in tongerslach: Kom! 2Doe ferskynde foar myn eagen in wyt hynder en dy’t dêrop siet, hie in bôge by him; der waard him in krânse jûn en hy ried dêrop út fan ’e iene oerwinning nei de oare.
3En doe’t Er it twadde segel iepenbriek, hearde ik it twadde wêzen roppen: Kom! 4Doe kaam der in oar hynder oan, in fjoerread en dy’t dêrop siet krige permisje om in ein te meitsjen oan ’e frede op ’e ierde; hy moast derfoar soargje, dat de minsken inoar ôfmakken en hy krige in grut swurd.
5En doe’t Er it tredde segel iepenbrutsen hie, hearde ik it tredde wêzen sizzen: Kom! Doe ferskynde foar myn eagen in swart hynder en dy’t dêr op siet, hie skealjes yn ’e hân. 6Doe like it my ta dat ik in stimme midden tusken de fjouwer libbene wêzens wei sizzen hearde: in deirantsoen weet foar in denaarje en trije deirantsoenen koarn ek foar in denaarje; en fergriem de oalje en de wyn net.
7En doe’t Er it fjirde segel iepenbrutsen hie, hearde ik de stimme fan it fjirde wêzen sizzen: Kom! 8Doe ferskynde foar myn eagen in feal hynder en dy’t dêrop siet, hjitte ‘de Dea’. It deaderyk kaam fuort achter him oan, en hja krigen it foar ’t sizzen oer in fjirdepart fan ’e ierde, om te deadzjen mei it swurd, de honger en de pest en troch de wylde beesten fan ’e ierde.
It fyfte segel wurdt iepenbrutsen; de ferstoarne martlers
9En doe’t Er it fyfte segel iepenbriek, seach ik ûnder oan it alter de sielen fan harren dy’t ombrocht wienen om it wurd fan God en om it getugenis, dat se ôflein hienen. 10Dy begûnen lûd te roppen: Hoe lang moat it noch oanhâlde, o hillige Hear, ear’t Jo rjochtdei hâlde en ús bloed wreke oan ’e bewenners fan ’e ierde? 11Doe krigen se elk in wyt kleed en der waard harren te witten dien dat se noch in skoftsje tiid dwaan moasten, oant it tal fol wêze soe fan har bruorren yn ’e tsjinst fan God, dy’t krekt as hja fermoarde wurde soenen.
It sechste segel wurdt iepenbrutsen: himel en ierde yn ûnstjoer
12Doe’t Er yn myn fizioen it sechste segel iepenbriek, kaam der in swiere ierdbeving. De sinne waard sa swart as in hierren sek en de moanne waard hielendal read as bloed. 13De stjerren fan ’e himel foelen op ’e ierde, lykas in figebeam syn lette figen falle lit as in hurde wyn deroan skoddet. 14De himel waard wei as in boekrol dy’t oprôle wurdt, en alle bergen en eilannen waarden fan it plak skuord. 15En de keningen fan ’e ierde en de grutte lju, de legeroanfierders en de riken en machtigen, ja alle slaven en frijen krûpten fansiden yn ’e hoalen en grotten yn ’e bergen. 16Se seinen tsjin ’e bergen en de rotsen: Fal op ús del en jou ús in skûlplak foar Him dy’t op ’e troane sit en foar de grime fan it Laam, 17want no is de grutte dei fan har grime kommen en wa kin dat trochstean?
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap