De fersegele boekrôle, dy’t Kristus allinne iepenmeitsje mei
1Doe seach ik, dat Hy dy’t op ’e troane siet, yn ’e rjochterhân in boekrôle hie, dy’t fan binnen en oan ’e achterkant beskreaun en mei sân segels fersegele wie. 2En ik seach in sterke ingel, dy’t mei lûde stimme omrôp: Wa komt it ta om de boekrôle iepen te meitsjen en de segels derfan te ferbrekken? 3Mar net ien yn ’e himel of op ’e ierde of ûnder de ierde koe de boekrôle iepenmeitsje en dêr yn sjen. 4Ik moast der tige om skrieme, omdat it bliken die dat der net ien wie dy’t it takaam om de boekrôle iepen te meitsjen en dêr yn te sjen. 5Doe sei ien fan ’e âldsten tsjin my: Skriem net, de Liuw út ’e stam fan Juda, de sprút út David, hat oerwûn; dat Hy mei de boekrôle mei de sân segels iepenmeitsje.
6Doe seach ik midden op ’e troane mei de fjouwer libbene wêzens en midden tusken de âldsten yn in Laam stean, dat like wol slachte, mei sân hoarnen en sân eagen, dat binne de sân geasten fan God dy’t derop útstjoerd binne oer de hiele ierde. 7It Laam kaam tichterby en krige de boekrôle oan út ’e rjochterhân fan Him dy’t op ’e troane siet.
8Doe’t It dy oankrige hie, foelen de fjouwer libbene wêzens en de fjouwerentweintich âldsten del foar it Laam, elk mei in harp en mei goudene skalen fol mei geurige krûden; dat binne de gebeden fan ’e hilligen. 9En se songen in nij liet:
Jo komt it ta de boekrôle te nimmen
en de segels dêrfan iepen te brekken,
want Jo binne slachte
en hawwe mei jo bloed minsken foar God kocht út alle stammen,
folken en naasjes fan allerhanne taal.
10Jo hawwe foar God keningen en prysters fan har makke
en se sille oer de ierde regearje.
11Doe hearde ik yn myn fizioen de stimme fan wit-hoefolle ingels om de troane en de libbene wêzens en de âldsten hinne. Har tal wie tsientûzen kear tsientûzenen en tûzen kear tûzenen, 12dy rôpen lûd:
It Laam dat slachte is, Him komt it ta,
dat Him de macht en de rykdom,
de wysheid en de krêft,
de eare, de hearlikheid en de lofsang brocht wurdt.
13En alle skepsels yn ’e himel, op ’e ierde en ûnder de ierde en op see, ja al wat dêryn libbet, hearde ik sizzen:
Foar Him dy’t op ’e troane sit en foar it Laam
de lof, de eare, de hearlikheid en de krêft
yn alle ivichheid!
14En de fjouwer libbene wêzens seinen: Amen. En de âldsten foelen yn oanbidding del.