Dêrnei hie ik dit fizioen: Ik seach in doar yn ’e himel dy’t iepenstie en de stimme dy’t ik al earder as in trompet mei my sprekken heard hie, sei: Kom omheech, hjirhinne, dan sil Ik dy sjen litte, hoe’t it skielk komme moat. Fuortynienen kaam de Geast oer my; der stie in troane yn ’e himel en der siet Ien op dy troane. Dy’t dêr op siet, like op in diamant of in karneöalstien en der wie in reinbôge om de troane hinne, dy’t op in smaragd like. Om ’e troane hinne stienen fjouwerentweintich oare troanen en op dy troanen sieten fjouwerentweintich âldsten mei wite klean oan en mei gouden kroanen op ’e holle. Ut ’e troane wei kaam wjerlochtsjen en lûd tongerjen en der brânden sân lôgjende fakkels foar de troane, dat binne de sân geasten fan God. Foar de troane wie sokssawat as in see fan glês, krekt as wie dy fan kristal. Midden op ’e troane en deromhinne sieten fjouwer libbene wêzens, fan foaren en fan achteren besiedde mei eagen. It earste wêzen like op in liuw, it twadde op in keallebolle, it tredde hie in oansjen as fan in minske, en it fjirde like op in earnfûgel as dy fljocht. Dy fjouwer libbene wêzens hienen, de iene sa goed as de oare, seis wjukken, en se wienen besiedde mei eagen oan alle kanten, ek ynwindich; sûnder ophâlden roppe se by nacht en by dei:
Hillich, hillich, hillich is God de Hear, de Almachtige,
dy’t is en dy’t wie en dy’t komt.
Iderkear as de wêzens lof en eare en tank bringe oan Him dy’t op ’e troane sit en libbet yn alle ivichheid, falle de fjouwerentweintich âldsten wer del foar Him dy’t op ’e troane sit en oanbidde Him dy’t libbet yn alle ivichheid en se lizze har kroanen foar de troane del mei de wurden: