It sânde segel wurdt iepenmakke
1En doe’t Er it sânde segel iepenmakke, waard it stil yn ’e himel, wol in healoere lang.
Tarieding foar it blazen op ’e trompetten
2Doe seach ik de sân ingels dy’t foar God steane; dy krigen sân trompetten.
3Der kaam noch in oare ingel, dy gong by it alter stean mei in gouden wijreekfet en hy krige allegear geurige krûden, om dat mei de gebeden fan alle hilligen op it gouden alter foar de troane te lizzen. 4De reek fan ’e geurige krûden stiigde mei de gebeden fan ’e hilligen út ’e hân fan ’e ingel op oant foar God. 5Doe krige de ingel it wijreekfet, makke dat fol mei fjoer fan it alter en smiet dat op ’e ierde en it begûn lûd te tongerjen en te wjerljochtsjen en de ierde begûn te skodzjen.
6Doe makken de sân ingels dy’t de sân trompetten hienen, har klear om te trompetsjen.
De earste fjouwer trompetten: pleagen oer it lân, de see, de rivieren en de himelljochten
7De earste ingel trompette, en der kaam hagel en fjoer mei bloed der trochhinne, dat waard op it lân smiten; in tredde part fan it lân ferbrânde en in tredde part fan ’e beammen ferbrânde en al it griene gers ferbrânde ek.
8Doe trompette de twadde ingel; en in ding sa grut as in berch dat yn ljochte lôge stie, waard yn ’e see smiten; it tredde part fan ’e see feroare yn bloed, 9en in tredde part fan ’e libbene skepsels yn ’e see gong dea, en in tredde part fan ’e skippen fergong.
10Doe trompette de tredde ingel; en der foel in grutte stjer út ’e himel, brânend as in fakkel en dy foel op in tredde part fan ’e rivieren en fan ’e wetterboarnen. 11Dy stjer draacht de name ‘Aalst’. En in tredde part fan it wetter feroare yn aalst, en der stoaren gâns minsken troch it wetter, sa bitter wie it wurden.
12Doe trompette de fjirde ingel; en in tredde part fan ’e sinne waard rekke en in tredde part fan ’e moanne en in tredde part fan ’e stjerren, dat it tredde part fan harren waard fertsjustere; de dei wie foar in tredde part har ljocht kwyt en mei de nacht gong it krektlyk.
Noch trije rampen foarsein
13Doe hearde ik yn myn fizioen it lûde roppen fan in earnfûgel, dy’t heech oan ’e himel fleach: Wee, wee, wee harren dy’t de ierde bewenje, om de oare trompetstjitten fan de trije ingels, dy’t noch trompetsje sille.