Foaropwurd
1Dit is de iepenbiering fan Jezus Kristus; dy hat God Him jûn om oan syn tsjinstfeinten sjen te litten, wat mei gauwens syn beslach krije moat. En Hy hat syn ingel stjoerd om dy oan syn tsjinstfeint Johannes mei te dielen. 2Johannes hat it wurd fan God en it boadskip fan Jezus Kristus befestige, ja alles wat er sjoen hat.
3Gelokkich dy’t dizze profetyske wurden foarlêst en gelokkich dy’t nei dat foarlêzen harkje en har hâlde oan wat dêryn beskreaun stiet; want it is hast safier.
Opskrift en lofprizing
4Johannes oan de sân gemeenten yn Asia. Mei genede en frede jimme jûn wurde fan Him dy’t is en dy’t wie en dy’t komt, en fan de sân geasten dy’t foar syn troane steane, 5en fan Jezus Kristus, de trouwe Getuge, dy’t as earste fan ’e deaden opstien is en hearsket oer de keningen fan ’e ierde. Oan Him dy’t ús leafhat en ús fan ús sûnden befrijd hat troch syn bloed 6en keningen fan us makke hat, ja prysters foar God, syn Heit. Him komt de eare ta en de macht yn alle ivichheid. Amen.
7Sjoch, Hy komt mei de wolken.
Alleman sil Him mei eigen eagen sjen,
ek dy’t yn Him stutsen hawwe.
Dan sille alle folken fan ’e ierde har om Him op it boarst slaan.
Ja wiswier.
8Ik bin de alfa en de omega, seit God de Hear, dy’t is en dy’t wie en dy’t komt, de Almachtige.
It fizioen dat Johannes op Patmos hie
9Ik, jimme broer Johannes, dy’t lykas jimme diel hat oan it lijen, it keninkryk en de ferwachting fan Jezus, ik siet op it eilân Patmos, omdat ik it wurd fan God en it boadskip fan Jezus ferkundige hie. 10Doe kaam op ’e dei fan de Hear de Geast oer my en ik hearde achter my in stimme sa lûd as in trompet roppen: 11Watsto sjochste, skriuw dat op yn in boek; stjoer dat nei de sân gemeenten, nei Efeze, nei Smyrna, nei Pergamum, nei Tiatira, nei Sardes, nei Filadelfia en nei Laodiséa.
12Ik draaide my om om te sjen wa’t it wie, dy’t tsjin my sprutsen hie. Doe’t ik dat die, seach ik sân gouden kandlers, 13en tusken dy kandlers yn Immen dy’t op in minskesoan like, mei in kleed oan dat him op ’e fuotten hong en in gouden riem om it boarst. 14It hier op syn holle wie sa wyt as wite wolle, ja as snie, en syn eagen wienen as in lôgjende flam. 15Syn fuotten wienen as fan brûns dat yn ’e oven gleonmakke is en syn lûd hie de klank fan mânske wetterfloeden. 16Yn ’e rjochterhân hâlde Er sân stjerren; der kaam Him in skerp twasnedich swurd ta de mûle út, en syn antlit skittere machtich as de sinne.
17Doe’t ik Him seach, foel ik Him as dea foar de fuotten del. Mar Hy lei de rjochterhân op my en sei: Wês mar net bang: Ik bin de Earste en de Lêste, 18Hy dy’t libbet; Ik haw dea west en sjoch, Ik libje yn alle ivichheid en Ik haw de kaaien fan ’e dea en fan it deaderyk. 19Skriuw dan op watst sjoen hast, wat der no is en wat hjirnei noch syn beslach krije moat. 20Dit is it geheim fan ’e sân stjerren dyst yn myn rjochterhân sjoen hast en fan ’e sân kandlers: dy sân stjerren binne de ingels fan ’e gemeenten en de sân kandlers binne de sân gemeenten sels.