Opskrift en groetnis
1Fan Judas, de tsjinstfeint fan Jezus Kristus, de broer fan Jakobus, oan har dy’t roppen binne om te libjen yn ’e leafde fan God de Heit en yn ’e hoede fan Jezus Kristus. 2Erbarming, frede en leafde mei jimme aloan riker jûn wurde.
Warskôging foar de dwaallearaars
3Freonen, it wie altyd al myn doel om jimme te skriuwen oer ús mienskiplik heil, mar no fielde ik it as myn plicht om jimme der yn in brief op oan te stean, dat jimme stride sille foar it leauwen dat de gemeente ienris en foargoed trochjûn is. 4Want der binne minsken yn ’e gemeente ynglûpt, lju dêr’t it oardiel al lang lyn oer beskreaun is, goddeleazen dy’t de genede fan God misbrûke as in ferlechje om der mar op los libje te kinnen en dy’t ús iene Hearsker en Hear Jezus Kristus ôffalle.
5Ek al witte jimme alles mar al te goed, ik wol jimme dochs yn it sin bringe, dat de Hear it folk wol út Egypte befrijd hat, mar dochs letter har dy’t net op Him betrouden, ferdien hat. 6Hy hat ek de ingels, dy’t har hege posysje ferspile en har eigen wenplak ferlitten hienen, foar ivich yn djippe tsjusternis yn ’e boeiens slein, om op ’e grutte Dei oardiele te wurden. 7Sa ek Sodom en Gomorra en de stêden dêromhinne, dy’t op ’e selde wize as de ingels huorke en tsjinnatuerlike lusten neijage hawwe: no lizze se dêr as in warskôgjend foarbyld, straft dat se binne mei in ivich fjoer.
8Krektlyk lykwols giet it mei dy lju, dy’t fizioenen sjogge, mar likegoed harsels besmodzje, Gods hearskippij ferachtsje en de himelske machten lasterje. 9Mar doe’t Michael, de aartsingel, mei de duvel stried en iggewearre om it lyk fan Mozes, doarst er dy net mei lasterjende wurden feroardielje, nee, hy sei: De Hear mei dy bestraffe. 10Mar dizze lju lasterje wat se net ienris begripe, en wat se ynstinktyf, lykas de redeleaze bisten, al begripe, dat wurdt krekt har ûndergong.
11Wee, harren, want se binne de wei fan Kaïn opgien, se hawwe har lykas Bileäm om jild oan bedragerij skuldich makke en se sille fergean, omdat se yn opstân kommen binne lykas Koarach. 12It is in skandaal sa’t se har oan jimme leafdemielen ûnbeskamsum tegoed dogge en allinne mar foar harsels soargje; wolken binne it, dy’t de wyn foarbyjaget, mar dêr’t gjin wetter fan komt; beammen dy’t yn ’e lette hjerst gjin fruchten jouwe, kroandea, ûntwoartele. 13It binne wylde weagen op ’e see, dy’t har eigen skande as skom opspatte litte; dwaalstjerren, ornearre om foar ivich yn it djipste tsjuster te sitten.
14Henoch, ien út ’e sânde generaasje nei Adam, hat dan ek fan harren profetearre mei de wurden: De Hear komt mei syn hillige tsientûzenen, 15om rjochtdei te hâlden oer allegearre en om alle goddeleazen te bewizen dat se skuldich steane oan alle goddeleaze dingen dy’t se dien hawwe en oan alle bretale wurden dy’t de goddeleaze sûnders tsjin Him sprutsen hawwe. 16Dat binne de minsken dy’t altyd prottelje en wrokje oer har lot, se libje nei har begearten, har mûle slacht oerdwealske taal út, se prate moai mei de minsken om, om der sels better fan te wurden.
Oanwizingen foar de lêzers
17Mar jimme, freonen, tink om de foarsizzingen dy’t de apostels fan ús Hear Jezus Kristus dien hawwe, 18dat se tsjin jimme sein hawwe: Yn it lêstoan fan ’e tiid sille der spotters wêze, dy’t neffens har eigen goddeleaze begearten libje sille. 19Dat binne de lju dy’t twaspjalt oproppe, al te minsklike lju, dy’t de Geast net hawwe.
20Mar jimme, freonen, bou jim libben op jimme alderhillichst leauwen, bid yn ’e krêft fan ’e hillige Geast, 21bewarje jimsels yn ’e leafde fan God, yn ’e ferwachting dat ús Hear Jezus Kristus yn syn barmhertigens jimme it ivige libben jaan sil. 22Haw moederaasje mei guon dy’t twivelje; 23rêd se, skuor se út it fjoer: oaren moatte jimme ek wol moederaasje mei hawwe, mar nim jimme tagelyk foar harren te wacht; ja, mij ek de klean dy’t troch de sûnde besmoarge binne.
Beslút
24Him dy’t jimme foar stroffeljen bewarje kin en jimme sûnder lek of brek mei jubel foar syn hearlikheid ferskine litte kin, 25Him, ús iennichste God en Heilân, komt ear en majesteit, macht en krêft ta troch Jezus Kristus ús Hear fan alle ivichheid ôf, no en yn alle ivichheid. Amen.