Brief oan ’e gemeente yn Efeze
1Skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Efeze:
Dit seit Hy, dy’t de sân stjerren yn ’e rjochterhân hâldt, dy’t tusken de sân gouden kandlers ferkeart: 2Ik wit fan dyn wrotten en wramen en fan dyn úthâlden, Ik wit ek datst de ferkearden net ferneare kinst. Do hast harren hifke dy’t har foar apostels útjouwe, mar it net binne en it hat bliken dien dat it bedragers binne; 3ja, do kinst úthâlde, do hast om My gâns ferneare moatten en it is dy net te swier wurden. 4Mar dit haw Ik op dy tsjin, datsto net mear fan My hâldst lykas yn it earstoan. 5Betink ris fan hoe heech ast fallen bist, kom ta ynkear en doch wer lykas yn it earstoan; oars sil Ik komme en helje dyn kandler fan syn plak, asto net ta ynkear komst. 6Mar dit pleitet foar dy, datsto de praktiken fan ’e Nikolaïten hatest, dy’t Ik sels ek haatsje.
7Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit. Dy’t oerwint sil Ik te iten jaan fan ’e libbensbeam, dy’t yn Gods paradys stiet.
Brief oan ’e gemeente yn Smyrna
8En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Smyrna:
Dit seit de Earste en de Lêste, dy’t dea west hat en wer libben wurden is: 9Ik wit fan dyn benearing en dyn earmoed – mar dochs bisto ryk –; en ik wit fan ’e kwealaster fan ’e lju dy’t sizze dat se Joaden binne, mar dat binne se net, nee se binne in synagoge fan ’e satan. 10Wês mar net benaud foar it lijen dat dy te wachtsjen stiet. Want de duvel sil guon fan jimme yn ’e gefangenis smite om jimme te hifkjen en jimme sille tsien dagen lang beneare wurde. Bliuw trou oan ’e dea ta, dan sil Ik dy de oerwinningskrânse fan it libben jaan.
11Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit. Dy’t oerwint, him kin de twadde dea neat dwaan.
Brief oan ’e gemeente yn Pergamum
12En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Pergamum:
Dit seit Hy dy’t it skerpe twasnedige swurd draacht: 13Ik wit wêrsto wennest: dêr’t de troane fan ’e satan stiet; mar do hâldst oan My fêst, do hast it leauwen yn My net ôfsward, ek net doe’t myn trouwe getuge Antipas ombrocht waard by jimme, dêr’t de satan wennet. 14Dochs haw Ik in pear dingen op dy tsjin: datsto dêr guon haste dy’t it mei de lear fan Bileäm hâlde, dy’t Balak ynstiek dat er de Israeliten yn ’e ferlieding bringe moast om ôfgoadeoffers te iten en te huorkjen. 15Sa haste ek guon dy’t it op ’e selde wize mei de lear fan ’e Nikolaïten hâlde. 16Dat, kom ta bekearing; oars sil Ik mei gauwens komme en har bestride mei it swurd dat My ta de mûle útkomt.
17Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit. Dy’t oerwint sil Ik fan it ferburgen manna jaan en Ik sil him in wite stien jaan mei in nije namme dêrop skreaun, dy’t oars nimmen wit as dy’t him krijt.
Brief oan ’e gemeente yn Tiatira
18En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Tiatira:
Dit seit de Soan fan God, Hy dy’t eagen hat as lôgjend fjoer en syn fuotten binne as brûns: 19Ik wit watsto dochste, Ik ken dyn leafde, dyn leauwen, dyn tsjinjen en dyn úthâlden en Ik wit datst de lêste tiid noch mear dochst as yn it earstoan. 20Mar dit haw Ik op dy tsjin: datst de frou Izébel gewurde litst, dy’t har foar profetes útjout, mar mei har leare myn tsjinstfeinten yn ferlieding bringt om te huorkjen en ôfgoadeoffers te iten; 21Ik haw har noch gelegenheid jûn om har te bekearen, mar se wol har net bekeare fan har huorkerij. 22No dan, Ik sil har siik meitsje en Ik sil dy’t har mei har ôfjûn hawwe, yn grut lijen bringe, as se har net bekeare fan Izébels praktiken, 23en har bern sil Ik deaslaan; dan sille alle gemeenten witte dat Ik it bin, dy’t it tinken en fielen fan ’e minsken hifket en Ik sil jimme allegearre jim fertsjinne lean jaan. 24Tsjin jimme allegearre, dy’t fierders noch yn Tiatira wenje en dy leare net oanhingje, dy’t de ‘djipten fan ’e satan’ – lykas hja dat neame – net kend hawwe, tsjin jim sis Ik: Ik lis jimme gjin oare lêst op; 25hâld allinne fêst wat jimme hawwe, salang oant Ik kom.
26Dy’t oerwint, dy’t oan ’t lêste ta myn wil docht,
him sil Ik macht oer de heidenfolken jaan
27en hy sil se mei in izeren stêf regearje
en stikken slaan as ierdewurk;
28– sa’n macht haw Ik fan de Heit krige – en Ik sil him de moarnsstjerre jaan.
29Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit.