Feilich by God
1Dy’t yn’e skûle fan’e Heechste wennet
en feilich is yn it skaad fan ’e Machtichste,
2dy mei tsjin de Heare sizze: Myn taflecht en stins,
myn God, dêr’t ik it op oankomme lit.
3Hy rêdt dy ommers út it net fan ’e fûgelfanger,
fan de deadlike pestsykte.
4Mei syn flerken dekt Er dy,
ûnder syn wjokken fynsto beskûl.
Syn trou is in skyld en pânser.
5Do hoechst net te skriljen foar de skrik yn ’e nacht,
foar de pylk, dy’t snuorret op ljochtskyndei,
6foar de pest, dy’t troch it tsjuster slûpt,
foar de goarre, dy’t op ’e middei taslacht.
7Tûzen falle njonken dy,
tsientûzen oan dyn rjochterhân,
mar dij komt it net benei.
8Inkeld mei de eagen wurdst it gewaar
en do meist sjen hoe’t de sûnders straft wurde.
9Omdatsto de Heare dyn taflecht neamst
en de Heechste foar dyn stins hâldst,
10sil dy gjin ûnheil moetsje,
gjin pleach dyn tinte beneikomme.
11Want syn ingels jout Er opdracht
om dy op al dyn wegen te hoedzjen.
12Dy sille dy op ’e hannen drage,
datst dyn foet oan gjin stien stjitst.
13Oer liuwen en slangen rinsto hinne
en do fertrapest de liuw en de draak.
14Om’t er him oan My bynt, rêd Ik him,
om’t er myn namme ken, beskermje Ik him.
15Ropt er My, dan jou ik antwurd,
hat er it benaud, dan bin Ik mei him,
Ik skuor him los en bring him ta eare,
16Ik jou him de romte oan libbensdagen
en lit him sjen hoe’t Ik útrêding bring.