IT FJIRDE BOEK: Psalm 90-106
God bliuwt deselde
1In gebed fan Mozes, de Godsman.
Hear, Jo hawwe ús in taflecht west
it iene geslacht nei it oare.
2Foardat de bergen berne wienen,
ierde en wrâld ta wêzen kamen,
ja, fan ivichheid oant ivichheid binne Jo God.
3Jo litte de minske wer ta stof keare
en Jo sizze: Wurd wer stof, minskebern.
4Want tûzen jier is foar Jo
as de dei, dy’t juster foarbygong,
as in wachtersskoft yn ’e nacht.
5Jo nimme de minsken wei as flarden sliep yn ’e moarn,
as gers dat mar amper opkomt.
6Yn ’e moarntiid komt it op en it waakst,
de jûns is it wilich en fertoarke.
7Want wy fergeane troch jo grime,
wurde opjage troch jo lilkens.
8Us sûnden sette Jo foar Jo del,
wat wy beside hâlden, komt dan yn it ljocht fan jo antlit.
9O, al ús dagen binne foarbygien ûnder jo grime,
ús jierren binne weiwurden as in sucht.
10It tal fan ús jierren komt op santich jier
of op syn bêst op in tachtich;
it treflikste dêrfan is pine en fertriet,
it giet hurd en wy fleane nei de ein.
11Wa ken it geweld fan jo grime
en wa hat ûntsach genôch foar jo lilkens?
12Lear ús sa de dagen te tellen,
dat wy in wiis hert krije.
13Kom werom, Heare! Hoelang noch?
Haw begrutsjen mei jo tsjinners.
14Jou ús yn ’e moarntyd jo geunst mei folle hân,
dan kinne wy jubelje en al ús libbensdagen bliid wêze.
15Meitsje ús likefolle dagen bliid
as Jo ús ûnder druk set hawwe,
al dy jierren dat wy it ûnheil seagen.
16Meitsje jo tsjinners jo wurk bekend
en oan har bern jo hearlikheid.
17Mei sa de geunst fan de Hear, ús God, oer ús wêze
en lit Jo it wurk fan ús hannen wol bedije.