De krisis fan it âlde ferbûn
1In keunstich liet fan Etan, de Ezrachyt.
2Jo geunstbewizen, Heare, wol ik ivich fan sjonge,
mei eigen mûle jo trou bekend meitsje de geslachten troch.
3Jo hienen ommers sein:
Foar ivich is op myn geunst te bouwen
en myn trou stiet sa fêst as de himel.
4Ik bin in ferbûn oangien mei de man dy’t Ik útkard haw,
in eed haw ik dien oan David, myn tsjinner.
5Foar ivich hâld Ik dyn neiteam yn stân
en Ik bou dyn troan de geslachten troch.
6De himel beliidt jo wûnders, o Heare,
jo trou yn ’e gearkomst fan ’e hilligen.
7Want wa yn ’e wolken is oan de Heare gelyk?
Wa is as de Heare ûnder de himelbewenners?
8De God, foar Wa’t se beevje yn ’e rie fan ’e hilligen,
grut en ûntsachlik boppe al wat om Him hinne is.
9Heare, God Almachtich, wa is lykas Jo?
Jo macht en jo trou steane om Jo hinne.
10Jo bandigje it stegerjen fan ’e see,
as de weagen opwâlje, litte Jo se wer bedarje.
11Jo ha Rahab tebrizele as in fersleine,
mei jo machtige earm jo fijannen ferstruid.
12Fan Jo is de himel, fan Jo is ek de ierde,
de wrâld mei al wat deryn is, hawwe Jo grûndearre.
13It noarden en it suden, Jo hawwe har skepen,
de Tabor en de Hermon ferhearlikje jo namme.
14Jo earm hat heldekrêft,
Jo hân is sterk en jo rjochterhân ferheven.
15Gerjochtichheid en rjocht drage jo troan,
geunst en trou geane foar Jo út.
16Hoe gelokkich is it folk dat jubelje kin,
se geane har wei by it ljocht fan jo antlit, Heare.
17Se bejubelje jo namme al den dei
en se geane grut op jo gerjochtichheid.
18Want Jo binne har hearlike krêft
en troch jo geunst steane wy sterk.
19Want ús skyld hawwe wy fan ’e Heare,
ús kening fan de Hillige fan Israel.
20Destiids sprieken Jo yn in fizioen
en seinen tsjin jo geunstelingen:
In held haw Ik nei foaren skood
en in útkarde boppe it folk ferhege.
21Myn tsjinner David haw Ik fûn,
mei myn hillige oalje him salve;
22Mei fêste hân sil Ik him bystean
en myn earm sil him wis sterkte jaan.
23Gjin fijân sil him tenei komme,
gjin kweaminske sil him fernederje,
24Ik ferslaan syn benearders foar him
en syn haters hou Ik del.
25Myn trou en myn geunst sille mei him wêze,
troch myn namme sil er sterk stean.
26Syn hân lis Ik op ’e see
en syn rjochterhân op ’e rivieren.
27As er My oanropt, seit er: Jo binne myn heit,
myn God, myn rots en myn útrêding.
28En Ik sil him it plak jaan fan earstlingssoan,
de heechste ûnder de keningen fan ’e ierde.
29Ivich bewarje Ik foar him myn geunst
en myn ferbûn sil er altyd op oan kinne.
30Ik hâld foar altyd syn neiteam yn wêzen,
syn troan like lang as de himel bestiet.
31As syn soannen fan myn wet net witte wolle
en net libje neffens myn rjochtsregels,
32as hja myn foarskriften skeine
en har oan myn geboaden net hâlde,
33dan kastij Ik se wol mei de roede om har sûnden
en mei hurde slaggen om har skuld,
34mar myn geunst nim ik har net ôf
en myn trou ferbrek ik net.
35Ik sil myn ferbûn net skeine,
wat oer myn lippen kaam, feroarje Ik net.
36Ien ding haw Ik sward by myn hillichheid
– hoe soe Ik oait David bedrage? –
37Syn neiteam sil foar ivich bestean,
syn troan stiet as de sinne hjir foar My,
38as de moanne, dy’t der altyd stiet
as in trouwe tsjûge yn ’e wolken.
39En no hawwe Jo dochs ferstjitten en ferwurpen,
tsjin jo salvling lôge jo grime op.
40Jo hawwe it ferbûn mei jo tsjinner brutsen,
syn kroane ûntwijd en tsjin de grûn smiten.
41Bressen hawwe Jo yn al syn muorren slein,
syn festingen ha Jo in púnfal fan makke.
42Elk hat yn it foarbygean him plondere
en foar de buorfolken is er in smaad wurden.
43Jo hawwe de macht fan syn fijannen fersterke,
al syn benearders hawwe Jo bliid makke.
44Syn flymskerp swurd ha Jo tsjin himsels keard
en him yn ’e striid net oerein hâlden.
45Syn gloarje hawwe Jo weinommen
en syn troan tsjin ’e grûn trape.
46Syn jonge dagen hawwe Jo ynkoart
en him mei skande oerdutsen.
47Hoelang, Heare, ferbergje Jo Jo foargoed,
sil jo grime trochbaarne as in fjoer?
48Betink dochs, Hear, hoe fergonklik as ik bin.
Hawwe Jo dan alle minsken om ’e nocht skepen?
49Wa minske libbet, dy’t de dea net hoecht te sjen,
wa rêdt syn libben út ’e macht fan it deaderyk?
50Wêr binne no jo geunstbewizen fan eartiids, Hear,
dy’t Jo by jo trou oan David sward hawwe?
51Betink, Hear, de smaad oer jo tsjinners,
de hûn fan ’e folken, dêr’t my it moed fol fan is,
52dêr’t jo fijannen, Hear, my mei hune
en dêr’t se jo salvling mei smaadzje, wêr’t er de foet ek set.
53Heech te priizjen is de Heare yn ivichheid.
Amen, Amen.