Hoe’t God regearret
1In liet foar de sabbat. In psalm.
2It is kostlik de Heare te tankjen,
in psalm op jo namme te sjongen, o Heechste;
3om yn ’e moarntiid jo geunst te fernijen,
jo trou yn ’e nachten,
4by de tsiensnarige harpe,
by it klinken fan ’e liere.
5Want Jo ha my bliid makke troch jo dwaan,
ik kin om jo dieden wol jubelje.
6Wat binne jo dieden grut, Heare,
en seldsume djip jo gedachten.
7In ûnnoazel minske wit der net fan
en in dwaas begrypt it net.
8As ferkearde minsken as ûnkrûd opsjitte
en kweaminsken yn ’e bloei steane,
dan is dat, om foar altyd ferdylge te wurden.
9Mar Jo bliuwe foar ivich himelheech.
10Want sjoch, jo fijannen, Heare,
want sjoch, jo fijannen fergeane
en alle kweaminsken wurde fersille.
11Jo litte my de hoarnen omheech stekke as in buffel
en mei farske oalje bin ik oergetten.
12Mei eigen eagen sjoch ik it lot fan myn benearders
en myn earen fernimme it, hoe’t it myn oanfallers fergiet.
13De rjochtfeardige sjit op as in palmbeam,
hy waakst as in seder op ’e Libanon.
14Dy’t yn it hûs fan ’e Heare bewoartele binne,
sjitte op yn ’e foarhôven fan ús God.
15Sels op hege jierren drage se noch frucht
en bliuwe feardich en fris.
16Sa fernije se dat de Heare rjocht is.
Hy is myn rots; by Him is gjin ûnrjocht.